|
Teatraal teater
In
tragyske trageedzje yn trije bedriuwen
Spylders:
Smachtalia, de frou
Heechdreamer, de man
Himmeltsje, tsjinstfaam
Oanwaaierke, kammeraatske fan Himmeltsje
Boadskipper
Ingel
Earste bedriuw
It toaneel stelt in húskeamer
foar mei yn ’e midden in tafel mei trije stuollen. Oan de eftermuorre
in dresswaar, lofts en rjochts kastkeboel, lofts in regulateur oan de muorre,
rjochts in tillefyzjetastel. Der hinget in inkeld skilderij. Efter, lofts en
rjochts binne doarren.
HIMMELTSJE
Himmeltsje wriuwt it dresswaar mei in
doek. Dêrby skommelt se oerdiedich mei har kont. Se hâldt ynienen op en rint
nei foaren. Se sprekt it publyk oan: Ik bin Himmeltsje, de tsjinstfaam.
Ik ha hjir in bêst plak, menhear en mefrou binne och sa goed. Mar o! Slacht beide earmen omheech, mar krekt te
let. It doocht hjir net! It doocht hjir lang net! Slacht wer de earmen omheech en wer te let. Se giet fierder mei
dresswaarpoetsen.
HEECHDREAMER
Hy komt fan rjochts op. It falt him op
dat de regulateur stil stiet. Hy docht it doarke op en jout de slinger in
triuwke, mar dat jout neat, de slinger bliuwt wer stil hingjen. Hy sjucht nei
de poetsende en skommeljende Himmeltsje. Hy pakt har by de heupen en hâldt
har kont stil. As er har loslit, begjint de kont op ’e nij te
skommeljen. Hy skodhollet. Dan, as komt him wat yn ’t
sin, rint er nei de râne fan it toaniel en sprekt it publyk oan: Ik bin Heechdreamer,
de man fan dit hûs en de man fan Smachtalia, myn leave frou. Hy slacht beide earmen omheech en lit se
wer sakje. O, wat hâld ik fan myn frou. O! Hy swijt in skoft, slacht nochris de earmen omheech. Hoelang bin
ik no al troud mei Smachtalia? Skodhollet,
telt op ’e fingers.
HIMMELTSJE
Keart har om en ropt: Dat sil sawat
fyftjin jier wêze, want mefrou hat my lêsten foto’s
sjen litten fan har silveren brulloft, doe ha se nei Sybrandys fûgelpark
west.
HEECHDREAMER
Fyftjin jier al, tink ik. Fyftjin kostlike jierren, neist Smachtalia. O! Slacht de earmen omheech. Fyftjin
jier! En gjin misse dei! Gjin misse dei!
HIMMELTSJE
Ropt ûnder it stofdoekjen: No, dat
wit ik wol better!
Doek
Neiskrift:
Dit stik is frij oer te nimmen en frij te spyljen
|