|
oe dreech is it om wer te skriuwen as
men neffens de kritisy it bêste boek fan jins libben skreaun hat?
As elk folgjend boek better wêze moast as it foargeande, dan hie
ik der nei Minskrotten-Rotminsken de brui oan jaan
moatten, want sa’n boek sil ik noait wer skriuwe. Oarssein:
it sukses fan De Bwarre
frustrearret my net. Ik bin nammers gjin oeuvrebouwer, it is by
my net sa dat elk folgjend boek fierder bout op it foargeande, ik
haw gjin literêr libbensplan. Eigentlik is it sa dat ik nei elk
boek útpoept bin en net wit wat ik no wer oangripe moat. It noflike
is nammers, dat dat ferskriklike ‘moatten’ fan fiifentritich
jier lyn der net mear is. Skriuwen is no puer plesier wurden.
No, net helendal. Yn de
lêste jierren by de NHL hie ik sa it smoar yn (net om it lesjaan, dat haw ik altyd
moai fûn, mar it management), dat ik mysels by wize fan terapy oan
it skriuwen set haw. Ik woe in reisferhaal meitsje oer tolve Friezen
dy't út ús Fryslân wei de oare Fryslannen bereizgen. It is neat
wurden. En sa haw ik mysels noch wolris tefiter hân.
Mar oer it generaal is
de skriuwerij nofliker wurden, hy jout my mear plesier as foarhinne.
Der hat noait in boek west dat ik mei sa'n soad nocht skreaun haw
as Sinleas geweld. Ik ha tsien moanne rûn te nokkerjen om
myn eigen flauwichheden. Dineke sei dan soms: Dat wurdt grif in
moai boek! Dit is fansels ek in opset dy’t my tige leit, it
hat in nijsgjirrige konstruksje en it is satyrysk, soks is gefundenes
Fressen. Doe’t ik yn 'e maityd fan 2000 treende foar de Slachte
en by de seedyk yn de Bjirmen lâns rûn, rôp in man fan boppen del:
‘Moai boek!’ No sjuch, dan binne der dus al twa dy’t
der wille oan belibje.
Nei
de klap joech skriuwplesier fan in heel oar soarte.
Ik fûn it ferhaal fan dy jonge sa wichtich en ek sa nijsgjirrich,
dat ik it graach foar him opskriuwe woe, ja, eins wie ik tankber
dat ik it opskriuwe mocht. Dat is hast in religieuze wize fan sizzen,
mar ik kin nei eigen bêste witten net oars as ferklearje dat ik
dat ferhaal net optocht ha, mar dat it him út eigen krêft yn myn
geast iepenbiere hat. Ik hoegde it allinnich mar te formulearjen
en op te tikjen en it geheel in gaadlike komposysje te jaan. Hoewol’t
Ake my folle sympatiker is as de haadpersoan fan De skjintme vurt
ferbwólgwódde, binne beide boeken my eins like frjemd,
ik snap net wêr’t de oandriuw wei kaam om se te skriuwen.
It rare is, as ik goede resinsjes krij fan Nei
de klap, dan bin ik dêr útsoarte wiis mei, mar foarsafier’t
my dan lof taswaaid wurdt, komt my dat oan as ûnfertsjinne eare.
Ik ha dat boek net skreaun, ik ha ’t allinnich mar optikke.
No’t dy skriuwtwang
fuort is, kin ik ek ris nee sizze tsjin in ferhaal. Nei de oarloch
yn Kosovo krige ik it yn ’e kop om in ferhaal te skriuwen
oer in Joegoslavyske soldatefrou dy’t har ôffrege oft har
man mei itselde apparaat dêr’t er har mei neukte ek jonge
Kosovaarske famkes ferkrêfte hie. Dat minske waard dus kompleet
gek en de húshâlding foel útinoar en sa fierder. Ik ha de hele opset
oan Flippus Breuker meideeld, want dy is tige nijsgjirrich nei de
genese fan in wurk. Op fakânsje yn Denemarken haw ik de boel nochris
trochtocht. Dit waard fansels in psychologyske roman, en dêr hâld
ik net fan. Boppedat ynteressearre dat wiif my net, dat fûn ik in
ferfelende seurkont. Ik ha besletten, ik doch it net, se siket mar
in oare skriuwer.
|