|
omans
wienen der net tsjûk yn ’e sechstiger jierren. Wadman en Terpstra
moasten tegearre it findel heechhâlde. Hjir leinen kânsen foar in
jong skriuwer om nei de top troch te brekken. Dêr kaam noch wat
oars by, de roman waard destiids - en ik tink dat it noch altiten
sa is - beskôge as it liedende sjânre. Wa’t as literator foar
fol oansjoen wurde woe, dy moast mei in roman komme. Wadman hat
yndertiid klage dat de Fryske skriuwers it koarte ferhaal keazen
as aliby foar it it skriuwen fan in roman en ien as Geart Jonkman
hat him dat ferwyt wol oanlutsen.
Ik tink dat it ek net samar
is dat yn myn eagen pur sang dichters as Durk van der Ploeg, Tiny
Mulder en Douwe Tamminga op in letter tydstip yn har karjêre romans
skreaun ha. Op ’t stuit is de roman in iepen sjânre mei mooglikheden
te kust en te keur. Imitaasjelear, Shit my mar lek,
It libben sels binne boeken dy't heel frij mei de romanwetten
omgeane en dochs as romans akseptearre wurde. Mar destiids wie dy
frijheid der minder. Wadman wie mei Fioele en faem en De
oerwinning fan Bjinse Houtsma in âlderwetske skriuwer, inkeld
Terpstra skreau mei Fjouwer minsken yn in stêd in foarmfernijend
boek.
As ik in ûnkonvinsjonele roman skriuwe woe,
dan hie ik eigentlik gjin foarbylden fan hoe’t dat moast.
En
dochs woe ik dat. Fabryk hie my meisleept nei oarden dêr’t
ik net ferkeare woe, it drige syn skriuwer op te fretten. By
de hannen om’t ôf wie in drakerich gefal. Ik moast wier
wat oars. Sterke troch de teory fan Jo Smit die ik de sprong yn
it driuwsân fan ’e foarmleazens. Wittefaak bang west dat ik
mislearje soe, mar it boek is ôfkommen. It skriuwen derfan wie in
geweldich avontoer, ik haw dat noait wer sa kinnen en ek noait wer
oandoarst.
Minskrotten-Rotminsken
is it boek dêr’t ik it fierst yn gien bin mei it loslitten
fan skriuwerswissichheden, it is it grutste weachstik dat ik ea
ûndernommen haw. Dêrom bin ik der osa wiis mei. Oft it myn bêste
boek is, wit ik net, dêr hawwe de lêzers ek wat oer te sizzen. Ik
tink wol dat it foar
de foarútgong fan ’e Fryske
literatuer myn belangrykste bydrage is. By romans kin men net, alteast
dat wol ik net, hinnegean en skriuw in rige neffens itselde prosedee.
In boek as Minskrotten kin men nammers net werhelje. Fuort
nei dat boek moat ik mei De Reade Bwarre begûn wêze, dat
ek in ‘eksperimintele’ opset hie. It boek wie fansels ynspirearre
troch de ‘smjunteromans’ fan Günter Grass, wa’t de sintsjes
‘Heil dir im Siegerkranz’ en ‘’Klink dan
en daverje’ neist inoar leit, sjucht dat daliks. Mar ik bleau
der yn hingjen, ik wie grif te jong wie om op myn jeugd werom te
sjen. Doe skreau ik De Hite Simmer, mei in foarm ynspirearre
troch Menuet fan Louis Paul Boon. Syn fertikale ferdeling
waard by my in horisontalen. It nijsgjirrige fan dit boek is de
yntertekstualiteit, op in stuit dat nimmen dêr noch mei pielde.
Om net fan plagiaat beskuldige wurde te kinnen, haw ik foar yn it
boek sein dat ik stikken tekst fan in oar oernommen hie. Op in skriuwerswykein
te Koartehimmen haw ik man en peard neamd, mar nimmen hat der út
piëteit ea in wurd oer skriuwe wollen. Spitich.
En no is it salang lyn dat it nimmen mear ynteressearret. Mei Minskrotten-Rotminsken
en De Hite Simmer hie ik pear goede prestaasjes levere en
mysels de rûmte skepen om fierder te gean. Mar spitigernôch, doe
wie ik wat romans oanbelanget útskreaun. En winliken wie ik noch
mar krekt los.
|