|
De duvel misbeteard, 1967
Myn folk, myn beminden, 1970
Oant de dea dur óp fólget,
1973
Fôi en fredeloas, 1977
Salangt de beam bloeit, 2001
|
|
erhalen haw ik it yn myn earste skriuwperioade it langst mei śtholden . De
fjouwer bondels ferskine mei yntervallen fan trije of fjouwer jier,
dat ik haw grif moai konstant trochwurke. It koarte ferhaal is makliker
as de roman. In ferhaal hat in koarte spanningsbōge, it kostet jin
lang san bloedich skrippen net. In wike
yntinsyf skriuwe, en it stiet op papier. Men rint ek minder gefaar
fan mislearjen trochdat men net twongen is ferbannen, kausaliteiten
en ūntjouwingen te beskr iuwen.
Koart krieme moatte, behoedet de skriuwer foar geėamel.
Mar ik haw my mei ferhalen ek in minder heech doel steld as mei
romans. Myn earsucht gyng eigentlik net fierder as: likegoed skriuwe
as de eardere Fryske skriuwers. Ik haw my skoalle oan Brolsma en
Kiestra, oan ’e nei-oarlochske skriuwers Wadman, Sikkema,
Jonkman en Smit, oan de generaasjegenoat Tjitte Piebenga en yn myn
lźste bondel haw ik besocht om Hessel Miedema op ’e side te kommen.
It koarte ferhaal wie troch
de Fryske skriuwers aardich ferkend en de mooglikheden derfan wienen
yn kaart brocht. It skriuwen fan in koart ferhaal wie gjin weachstik,
it slagge eigentlik altyd. Ut ’e wittenskip wei wie destiids
in soad belangstelling foar de bo u fan
it ferhaal en it proaza yn it algemeen en ik ha my al ier yn e ferhaalkunde,
de narratology, ferdjippe. De opset fan myn ferhalen is gauris ūntliend
oan oare skriuwers, mar dan fia de narratology dźr’t prosedees
en techniken yn beskreaun waarden. Ik ūntdiek rillegau dat de formele
kānt fan ’e literatuer my mear boeide as de psychologyske
aspekten fan it gefal dat ik beskreau. Ik moat it hawwe fan it manierke,
it prosedee, de aparte opset dy’t ynspirearret.
In prosedee kin men werhelje
en fariearje yn in rige ferhalen. Dat haw ik dien oant ik troch
myn manierkes hinne wie en doe wie it śt.
Jierren letter haw ik noch ienkear in ferhaal skreaun. Ik rūn al lang mei it gegeven
om, mar ik koe de foarm net fine.
In routsjinst yn Frjentsjer rikte my de plot oan.
Yn 1996 is in kar śt ’e
ferhalen ferskynd ūnder de titel In
f earnhūndert
ferhalen.
Fan it mislearre
skriuwaventoer oer tolve Westerlauwerske Friezen dy’t de trije
Fryslannen bereizgen en ferhalen fertelden en fertelle hearden, bleauwen yn
alle gefallen de ferhalen oer. De meast folksaardige dźrfan haw ik letter
śtjūn yn Salang’t de beam bloeit.
De niget oan it folskferhaal haw ik
skipe fan Ype Poortinga. Dy joech yn it jier 1975-1976 - syn lźste jier oan
de Noardlike Leargongen - kolleezje oer de folksferhalen dźr’t er op
kop en earen ynsiet.
|