Fabryk, in benearjend avontoer

 

 

 

n skriuwer moat mei it ferstân skriuwe, koel, berekkenjend, beredenearjend. It giet der net om dat er syn emoasjes kwyt rekket of syn problemen fan him ôfskriuwt, mar hy moat in tekst meitsje dy't foar de lêzer ynfielber is. Mar foar in jong skriuwer fâlt dat net ta, men kin de persoan dy’t men beskriuwt net lossjen fan jinsels. Dy persoan is in ôfspjalting fan jins eigen bestean. Of miskien is it oarsom: men ferienselviget jin as skriuwer tige sterk mei jins haadpersoan. It hat sa slim west, as ik fan hûs nei de bushalte rûn om nei de MÛ-A-kursus-Frysk te reizgjen, dan flitste it troch my hinne: Soe Sybesma ek yn ’e bus sitte? Dy sterke idintifikaasje mei de haadpersoan waard my op in stuit te benearjend, en doe haw ik de man loslitten. Ikkrige nammers ek it idee dat er net earlik wie, en ik woe net yn syn frjemde geastesavontoeren meisleept wurde. Ik woe út dat boek wei en ik haw my fan de haadpersoan losmakke yn in stik dêr’t ik my yn rjochtsje oan de Achte lêzer. Yn it lêste haadstik sko ik de haadpersoan fan my ôf troch him op it jiskelân te setten en him te beskriuwen as in swetshals. Dy omkear is psychologysk net goed te ferklearjen, it is in deus ex machina mei de skriuwer as god. It trochbrekken fan ’e fiksje yn it stik oan ’e lêzer wie doe folslein nij en ik tink dat it beskôge waard as in sûnde tsjin ’e werklikheidsyllúzje. De lêskommisje fan De Fryske Bibleteek, dy’t ik it manuskript oanbean hie, ornearre dat it der better út koe. It hat my letter gauris muoid dat ik dêr yn meigien bin en ik bin bliid dat Flippus Breuker it stik as bylage opnommen hat yn ’e útjefte yn ’e (earste) rige Fryske Klassiken. Dat haadstik lit nammentlik witte dat ik al heel ier beseft haw dat literatuer in konstruksje is, net ferslach fan feitlikheid, mar in ding dat makke wurdt. Dat sil gjin eigen ûntdekking west ha, ik hie destiids Jo Smit syn baanbrekkend artikel ‘Modern proaza’ (De Tsjerne 1960) fansels lêzen.

SKRIUWERSLIBBEN
BIBLIOGRAFY