Detektives
De moardner komt werom, 1967
De mon sónder gesicht, 1973

 

 

et alle literatuer kin dreech en djipdollend wêze, der moat ek wat wêze inkeld foar de ferdivedaasje. Om dy reden haw ik in pear detektives skreaun. Hoelang’t ik mei de earste omwraksele haw, wit ik net mear, de twadde is skreaun yn twintich dagen, alle dagen in heal haadstik. As men in plot hat, is it fierders ynfoljen fan it skema. Ik ha letter noch wolris in plot betocht, mar noait wer de nocht hân om in detektive te skriuwen. Ik leau ek net dat ik in grut ljocht bin yn dit sjânre.
   Alhoewol, op myn twadde boek haw ik in goede respons hân. Op ’en minsten twa Frjentsjerters hawwe it mei nocht lêzen. In âld wiif hat my ferteld dat se bang wie om by tsjuster troch de stêd te fytsen, omreden fan de man sûnder gesicht. Geart fisker sei my dat ik him winliken ek wol neamd hawwe koe. As Bokma mei syn hûn oer it bolwurk rûn, dan hie ik dochs fertelle kinnen dat Geart de ielfûken yn ’e grêft sette? Dat hat my allegear tige goed dien, ik fielde my suver in stedsskriuwer.
   Ien ding wol ik noch sein hawwe foar’t dizze wrâld nei syn ûnkearbere ein giet: Bokma en Bols hienen de foarnammen fan myn beide bruorren, Willem en Sytse.

SKRIUWERSLIBBEN
BIBLIOGRAFY