De merjefôle

 

 

 De merjefôle

 

Djip yn de sompige fjilden fan de Trynwâlden lang lyn is it bard

— mar sokke âlde stoarjes binne wif en ûnbewiisber

har kontoeren ferdizenje yn it skier fan it ferline

en hûgenis oan de tiid is stoarn en te hôf brocht

witnis en kennis fan de Trynwâldster merje binne fergien.

Wa sil ús sjonge de sangen fan de hynst dy’t de merje sprong

fan it tinende sied en de wurding fan bonken en bloed

yn it skûlliif bedutsen foar it each fan de tûkste boer?

Lit ús harkje nei in âlde stoarje mei oandacht en ynmoed —

dat in merje in fôle smiet: de merjefôle.

 

Wy bouden de beantsjes en de wyn wie skraal.

 

Fryske dichters yn oanwinnende kloften

folgje de merje op hoop fan sukses

groetsje har neisten en sille net keare

ear’t de poëtyske skat foel yn har skoat.

— jonge, hast wol in skjinne bûsdoek by dy? —

Sompen noch bergen noch see sil wjerhâlde

har sterke hertstochtlike jacht nei it lok.

It grien fan ’e greiden, it read fan woastinen

it griis fan de bergen, it brún fan ’e dong,

sille net keare, gjin dwerskneppels smite

de Fryske poëten mei koarts yn it hert

troch roei en troch rút.

 

Op ’e flakke fjilden fan Kazachstan skylden wy apels

mei stompe messen wylst de snie wiske en waaide.

Wy wikselen ûnderste gebitten út mei de lokale stamhaden

ta in teken fan duorsume trou en ivige bekferbûnens.

Dêrwei teagen wy nei Sybearje om mei ús waarme pisse

in ivich oantinken te fêstigjen yn de snie fan ieuwen,

stieken oer nei Alaske en Kanada al mar troch.

In Indiaan smookte in piip en liet him in skeet ûntkomme

dy’t fier klonk oer it hoare fjild fan de beferzen flakte.

Wat wisten wy fan de merjefôle dy’t fjouwere en die

yn de klinige greiden fan Easterbeintum en de Heskampen?

 

Komt de merjefôle ûnberonge rimpen,

     holle rombom, holle rombom,

slacht dichterlike kluten út ’e ierde,

     holle rombom, holle rombom,

draaft oer it leechlân splis fan it wetter,

     holle rombom, holle rombom,

waant him Pegasus op roatsrichels steil,

     holle rombom, holle rombom.

 

     Ah, wolle sa graach publisearre wurde,

     ah, wolle sa graach in bondeltsje útjaan,

     ah, wolle sa graach op it poadium stean,

     ah, wolle sa graach foar Omrop Fryslân sprekke,

     ah, wolle sa graach ynterviewd wurde,

     ah, wolle sa graach mei pertret yn ’e krante,

     ah, wolle sa graach in priis winne,

     ah, wolle sa graach ferneamd wurde.

 

Troch de oerripe gersfjilden fan Srebrenica silger neitins

riidt in tandemfyts mei twa swittende manlju traapjend.

It binne Ysdragyl en Ragnarok, helten fan namme,

soenen ferslaan it leger fan Mladic en Karadzic

en ûntsette de belegere moslimminsken beneare, bedrige,

mar troch in mislike aksje fan subversive krêften

dy’t de dyk besiedde hienen mei spikers en punêzes

mislearre har rêdingsaksje jammerdearlik en folslein.

It Nederlânske leger yn uterste paratens song ynmoedich:

Lekke band, lekke band, zet je fiets maar aan de kant.

Sa sneuvelen de Noardske helten Ragnarok, Ysdragyl.

 

Wy bouden de beantsjes en de wyn wie skraal.

 

Oh, jimme earnstige dichtersmannen, ploaigesichten,

is jimme earnst de frucht fan in muoisum libben?

Skopt en slein fan it ûnk, dreaun fan leed en lot?

Binne jimme sa fertutearze yn ús fersoargingssteat?

 

Wy weagen de oerstap fan Syprus nei Grikelân,

mar wienen justjes oermoedich en hellen wiete fuotten,

spanden in line fan de hexameter nei de pentameter

en hongen ús wiete sokken te droegjen ûnder Herakles’ tafersjoch.

By de timpel fan Zeus ieten wy brochjes en kofjedronken

út ruostfrijstielen termoflessen, by Blokker kocht foar in prikje,

setten doe stap nei Athene, Sparte, de toeristyske musts,

mar sopen tefolle en leinen acht oere al op ús hotelkeamer te koarjen.

Lykwols bûnze de antike kultuer ús mei barstend geweld troch de holle

— no ja, ’t kin fansels ek gewoan pineharsens west ha.

 

Ik sil it jo earlik sizze, Jelgersma, sûnder in knappe sinnebril kin ik de Fryske poëzy langer net oan ’e eagen ferneare.

 

Wy hâlde net fan eksperiminten

     want wêr bedarje jo?

Wy stappe nea bûten de stringen

     want wêr bedarje jo?

Wy besykje nea wat nijs út te finen

     want wêr bedarje jo?

Wy dogge it net oars as oars

     want wêr bedarje jo?

 

Koar:

Altyd itselde, wêr’t men ek sjocht.

Altyd itselde, wêr’t men ek sjocht.

 

Slacht de merjefôle de seadde oan dridze,

     holle rombom, holle rombom,

droane syn poaten oer klinige klankgrûn,

     holle rombom, holle rombom,

snuve syn noasters de lucht yn ’e longen,

     holle rombom, holle rombom,

spanne syn spieren foar de uterste sprong,

     holle rombom, holle rombom.

 

Tichtsje de ferlitten hichten fan Hades’ djipten,

yn ûngrûnen bedutsen it oermoedich bloed,

as de eintiid kloppet oan Armageddons poarte,

it paad fertsjustere troch wankend ûnheil,

lizze de ruften te toarkjen yn ’t ûnlân,

barste de bergen en spuie har fjoer,

spjalte de seeën en swolgje de ierde,

grieme de kliemers har sjerp op ’e pankoek,

as einlings ferballe út ’e noflike stoel

de ierdsingel delsaait út himelske hichten

en ûnsêft delkwakt op ’t Frjentsjerter keatsfjild

— ferdomd as ’t net wier is.

 

Wy bouden de beantsjes en de wyn wie skraal.

 

Oh, jimme earnstige dichtersmannen, ploaigesichten,

Is de drumband net in gaadlike tiidsbesteging foar jim?

Rombom, rombom, rombom,

Rombom, rombom, rombom

Rommeldebommeldebom,

Holle rombom, holle rombom.

Rommeldebommeldebom.

 

     Ah, witte presys wat moai is

     ah, witte presys wat bon-ton is

     ah, witte presys wat wy skriuwe moatte

     ah, witte presys wat goed yn ’e merk leit

     ah, witte presys hoe’t wy de top berikke.

 

Koar:

Gjin fratsen, gjin gritsen, gjin grappen, gjin kluchten,

Mar froed it betroude kowepaad lâns.

Gjin fratsen, gjin gritsen, gjin grappen, gjin kluchten.

Doe’t pake jit feint wie en beppe jit faam,

doe dichten de dichters tige foarnaam.

 

Op it swurk fan de see sil de ronge net slypje,

gjin baarch sil noch dreame yn deadsneeds ferlet!

De oere is foarby dat de hikpeallen kwynden,

te let kaam de bus en de trein wie al fuort.

As ivichheid tesplintert en keart ta nulniks,

as wissichheid rûgelt as modder troch ’t sou,

dan sil de klok gjin deaden beliede,

mar sil beliede de tiid dy’t net is.

As de werklikheid omstrûpt wurdt as in sok,

as ierde ûnderwrâld wurdt en ûnderwrâld ierde,

as de ein it begjin is en it begjin de ein,

as iten feroaret yn skiten en skiten yn iten,

dan wurdt it tiid en gean op fakânsje.

 

Wy bouden de beantsjes en de wyn wie skraal.

 

Och kom, dy beantsjes dat wurdt neat mei dy skrale wyn,

kom, wy geane nei de sinees om in nassyhap.

Och dat geâldehoer altiten.

 

No begryp ik ien ding net, jonges, hoe koe dy merjefôle ynienen fan de Trynwâlden yn de Heskampen en Easterbeintum bedarje?

Sytse, yt dyn nassy op en hâld dyn freet.

SKRIUWERSLIBBEN
BIBLIOGRAFY