Diskusjes

 

Photoshop

Ferline wike binne in steal Fryske skriuwers op it pertret kommen. Ik ha der net by west, want ik wie alris op ’e foto kommen. Ienkear yn it libben is genôch en myn kop is sa kreas ek net mear as 35 jier lyn.
   Salang moat it neffens my wol lyn wêze, alteast sa lang lyn dat de minsken fan ûnder de fyftich der neat mear fan witte. Sietse de Vries skreau yn de LC dat it idee om sa’n groepsfoto te meitsjen oernommen wie fan de Bezige Bij. Kin bêst wier wêze ek noch, Fryslân wurdt befolke fan minsken dy’t fan it ferline neat ôfwitte. Mar der is dus earder sa’n foto makke, sykje marris yn Tresoar yn âlde doazen en kisten.
   Wat my eigentlik in bytsje kjel makke, wie Kalma syn opmerking dat er mei photoshop de foto wol bewurkje koe, ferkearde koppen der by wei knippe, oare koppen mei de eagen ticht ferfange troch koppen mei de eagen iepen.
   Fansels wie dit âld nijs, men wist dit wol, ik ha sels ek wol oan it pielen west mei photosphop. Mar wat is sa’n foto dan noch wurch?
   Net dizze foto fan Fryske skriuwers, dy is fansels goud wurch, mar dy foto’s dy’t sjoernalisten meitsje en dy’t soms de wrâld oergeane as treffende opnames fan grut en lyts leed. Wat hat it foar doel om in priis út te rikken foar de bêste foto yn de kategory ‘oarlochsferslachjouwing’ bygelyks? Wa kin garandearje dat dy foto in wiere werjefte fan de werklikheid is? Nimmen ommers – mei photoshop kin men alles manipulearje.

 

De grutste oppeteurs

“De generaasje fan Willem Abma – al jildt dat miskien foar sokken as Trinus Riemersma en Josse de Haan mear as foar himsels – hat him eartiids folle hurder tsjin de festige skriuwers fan dat momint ôfset as de generaasje fan Hilarides en Bruinja no.” Sietse de Vries yn de LC fan 5 novimber, by gelegenheid fan de presintaasje fan Droom in blauwe regenjas.

Oja? Ik helje om de aardichheid in stikje oan út Trotwaer 1973: “Op de dag van de vergadering blijkt een brief binnengekomen van Leo Popma, waarin hij verklaart de oude lijn van Trotwaer, die voor een deel werd bepaald door persoonlijke geschillen, niet voortgezet te willen zien” (Trotwaer 1973, 377). De oantekening is twa jier âld en hy is ôfkomstich út ’e notulen fan 03.05.71.
   Popma, sa docht bliken, is min te sprekken oer Daniël Daan syn stikken yn it twadde supplemint (oktober 1970). Daen hie in stik skreaun ûnder de prachtige titel ‘De lekkken en brekken fan de kultus fan it elkoar yn ’e hichte stekken’.
   Ik bewear op grûn hjirfan nèt dat Abma de grutste oppeteur wie, mar àl, dat de saken doe oars leinen as it efterôf liket. Konkreet: De Haan en Riemersma komme op it stuit mei har útjouwerij yn it nijs, dat dy sille tritich jier lyn ek wol yn ’e foarste rigen stien ha. Fan Steven de Jong en Bauke de Jong heart men net folle, dat dy sille tritich jier lyn ek net sokke wichtige figueren west hawwe. Dat is de fertekening fan it ferline troch de bril fan it no.

Der wienen ferskillende persoanen dy’t har fersetten en it ferset gou persoanen, ynstânsjes en opfettingen. Fansels kin men dat net allegear perfekt skiede, mar ûnderskiede wol.
   Geart van der Zwaag en Josse de Haan hawwe har pylken it meast rjochte op de ynstituten lykas de Kultuerried, de Fryske Akademy en it FLMD. Bauke de Jong en Lolle Nauta fersetten har fûl tsjin de opfettingen fan Eeltsje Folkertsma en Jan Piebenga. Dy striidskriuwerij gyng oant yn De Nieuwe Linie troch. Ik haw my ek ferset tsjin opfettingen, mar myn oanfallen wienen persoanliker, bygelyks dy op Freark Dam. Wat dat oangiet koe ik net op tsjin Gerben Abma, dy hat Freark Dam ôfmakke. De meast suver literêre agitator wie grif Steven de Jong, ien fan ’e lêste redakteuren fan Quatrebras.
   Wat wienen no de slimste ‘fersetters’? Dat hinget ôf fan wat men sels it wichtichste fynt. Destiids hie ik de yndruk dat it oantaasten fan de symboalen fan de Fryske beweging, Folkertsma en Piebenga, as it alderslimste fergryp fan ‘de jongerein’ wurdearre waard en yn dat gefal soenen Bauke de Jong en Lolle Nauta de grutste smjunten wêze. Wol men it oanfallen fan de bolwurken fan macht, de ynstituten, as it wichtichste sjen, dan binne Van der Zwaag en De Haan de grutste brekkers.

Destiids binne dy ûnderskiedingen sa net makke. Wat langer wat mear kamen ‘âlderein’ en ‘jongerein’ foarinoaroer te stean en ferdwûnen de nuânses. It konflikt leit no safier efter ús dat it mooglik wêze moatte soe dat in jongerenien dizze perioade ris kritysk-hifkjend yn kaart brocht. Mar earlik sein, ik ferwachtsje net dat ien him dêr ta sette sil. Mar wat roppe en mar wat beweare is makliker.

 

Kwam daar eens om in Kosovo

   Direkte rede: Hy sei: ‘Ik kom moarn.’
   Yndirekte rede: Hy sei, dat er moarn kaam.
   Frije yndirekte rede: Hy kaam moarn.
   Fjirtich jier lyn hawwe de letterkundigen har de kop deroer brutsen hoe’t soks no te rimen wie yn dy lêste rigel. ‘moarn’ wiist nei de takomst, mar ‘kaam’ ferwiist nei it ferline. De oplossing fan it probleem is: net de ferteller is hjir it sintrum fan de fertelling, mar de persoan sels. De persoan libbet yn it no, de foarbye dei is foar him ‘juster’ en de kommende dei is foar him ‘moarn’. De auktoriele ferteller libbet yn in difuze tiid, net fêstpript op in aktuele, bepaalde dei. Foar him is de foarbye dei yndied ‘de foarbye dei’ of ‘de foarige dei’ en foar him is de kommende dei ‘de oare deis’. It midpunt fan it ferhaal is it aktuele no fan de persoan. It tempus is lykwols de doetiid, lykas yn fierwei it measte proaza. Sa moatte in heel soad notiden (fan de persoan syn tinken) yn de doetiid fan it fertelde ferhaal omset wurde. Yn it begjin hawwe de skriuwers en lêzers wol muoite hân mei ‘ivige wierheden’, lykas: de sinne komt yn it easten op, twa kear twa is fjouwer. Omsette yn de frije yndirekte rede joech swierrichheden: ‘‘Der wie neat oan te feroarjen, twa kear twa wie no ienris fjouwer.’’ (Wie no ienris fjouwer? It is dochs noch altyd fjouwer?) Stadichoan hat de frije yndirekte rede him útwreide oer de ‘ivige wierheden’. In oare swierrichheid wie – en is – it omsetten fan de tiidwurdsfoarmen dy’t normaliter helendal gjin doetiidsfoarmen hat, ik doel op de hitende foarm (of ymperatyf). Direkte rede: Hy sei: ‘Sytske, yt dyn bôle op!’ Yndirekte rede: Hy sei dat Sytske har bôle opite moast. Frije yndirekte rede: Sytske moast har bôle opite. In sin yn de frij yndirekte rede as ‘Sytske, iet har bôle op!’ kin net. Of op dit stuit teminsten noch net. Dit is kwa foarm en funksje in echte hitende foarm en dy kin net oerset wurde nei de doetiid. Dat kin mei oare nei de foarm, mar net neffens de funksje hitende foarmen wòl. Ik doel op hitende foarm dy’t in mooglikheid of in winsk ynhâlde. Bygelyks: Kom mar op, as jim doarre. Dat kin fertaald wurde nei de frije yndirekte rede as: Kaam mar op, as se doarsten. Of kin dat net? Ik ha yn myn De skjintme vurt ferbwólgwódde eksperimintearre mei ditsoarte sinnen yn de frije yndirekte rede. Ik tink dat ik dêryn fierder gien bin as hokker Fryske skriuwer ek. Spitigernôch, der hat noait in mins wat fan sein. Fryske boekbesprekkers sjogge nei de moraal en it boadskip en de mooglikheden ta idintifikaasje en de oerienstimming mei de realiteit. Mar nei de technyk fan it literêr wurk sjogge se komselden of nea. Dat kin it, sa’n sin as ‘Kaam mar op, as se doarsten’? Neffens my kin it, mar ja, it is wat raar om te oardelen oer eigen wurk.
   Yn alle diskusjes oer de frije yndirekte rede is sein, dat dy allinnich foarkomme kin yn literêr wurk. Yn de fiktive wrâld fan it ferhaal is sa'n taalakrobatyk mooglik, mar net yn de wrâld fan it saaklike, net-fiktive proaza. En sjoch, yn de Ljouwerter Krante fan 2 april lês ik dizze sin: ‘‘Kwam daar eens om in Kosovo.’’ Ik sil wat rûmer sitearje: ... Zelfs de Radicale Partij, de Servische pendant van het Franse Nationaal Front, veroordeelde de brandstichtingen. Kwam daar eens om in Kosovo. Albanese politieagenten staken geen vinger uit voor de belaagde Serviërs.... Der is gjin mis op, dizze sjoernalist, Cees van Zweeden, fertaalt de útnoeging (mei ymperatyffoarm) ‘Kom daar eens om’ yn de doetiid. It is foar it earst dat ik de frije yndirekte rede bûten de literatuer waarnim en ik soe de LC-redaksje oanriede om menhear Van Zweeden in oarkonde oan te bieden: hy is in taalfernijer. Mar mei it? Fan my wol. It hat my nammers noait dúdlik west wêrom't de frije yndirekte rede beheind bliuwe moast ta de literatuer.

 

Ymperativen yn de doetiid

Fan Henk Wolf (Fryske Akademy-meiwurker) krige ik nei oanlieding fan it boppesteande stik in kopy fan in artikel fan him dat yn Taal & Tongval stien hat (jrg. 5, nr. 2 (2003), s. 168-187). Wolf neamt foarbylden fan de ymperatyf yn de doetiid yn it Nederlânsk en it Frysk.
   Wolf jout trije betingsten oan foar sa’n doetiidsymperatyf. Ik sitearje:
1. Hij moet ingebed zijn in een verhalende context. In die context wordt uit het heden van de spreker gerefereerd aan een specifiek tijdstip of een tijdspanne in het verleden.
2. Op dat referentiemoment in het verleden heeft de verledentijdimperatief een adhortatieve betekenis – verwijst dus naar een advies, waarschuwing of aanmoediging – die een logische of universele geldigheid heeft.
3. De geldigheid was, volgens de spreker, op het referentiemoment specifiek van toepassing op de spreker zelf of op een andere persoon die een rol in het vertelde verhaal speel. Het equivalent met een reguliere imperatief hat op het referentiemoment in de directe rede kunnen worden uitgesproken.
   Mei Wolf syn konstatearringen bin ik it iens. Punt 3 liket my in iepen doar, mar miskien sjoch ik it belang dêrfan oer de kop. Punt 2 is wichtich. Yn de roman De skjintme vurt ferbwólgwódde haw ik tige eksperimintearre mei it oersetten fan notiidssinnen, dy’t har dêr net sa goed ta liene, nei de doetiidssinnen. Foarst de ‘ivige wierheden’: hout driuwt op wetter, twa kear twa is fjouwer, twad de ymperativen. Ik bin doe tsjin de restriksje oanrûn dy’t Wolf yn punt 2 neamt: echte ymperativen litte har net oersette nei de doetiid. ‘Meitsje dyn board leech en seur net sa!’ kin net oerset wurde nei: *Makke har/syn board leech en seurde net sa. Yn sa’n gefal omskriuwt de literêre skriuwer: Se/Hy moast har/syn board leech meitsje en net sa seure. Wat men oersette kin nei de doetiid binne ymperativen dy’t nei de foarm in ymperatyf binne, mar ynhâldlik in appel, in útdaging, in oantrún úitdrukke. Ik tink dus dat men net skriuwe kin: *Skiet no einliken ris, kloat fan in hûn! Mar wol: Skiet omheech.
   Punt 1 is liket my ta fan krusiaal belang. It moat gean om in ferheljende kontekst, oars kin sa’n oersetting net. Ik tink dan oan fiksjonele teksten, Wolf ek? It wurdt spitigernôch net dúdlik út hokker boarnen Wolf syn foarbylden stamme, út de fiksje of út de non-fiksje. En dat ûnderskied liket my wol wichtich ta. De doetiidsymperatyf is al jierren bekend út de fiksje, it foarbyld dat ik út ’e Ljouwerter krante fan 2 april 2004 opfiske wie it earste bûten de fiksje en dêrom fûn ik dat ynteressant.
   It normale tempus foar sjoernalistyk en wittenskip is de notiid, de doetiid is it tempus fan it ferheljen. (Dat haw ik leard út it boek fan Harald Weinrich, Tempus, besprochene und erzählte Welt.) As in sjoernalist of in wittenskipper foar de doetiid kiest om syn meidielingen te dwaan, dan begjint er te ‘narrativisearjen’ en miskien ûngemurken ek te fiksjonalisearjen. Of alteast, as er syn meidielingen yn in narratyf kader set, dan kin er gebrûk meitsje fan fiksjonele techniken.
   Ik hâld út: de doetiidsymperatyf is in stilistysk ferskynsel dat syn plak hat binnen de frije yndirekte rede (erlebte Rede) en dêrom in fiksjoneel ferskynsel. As de doetiidsymperatyf bûten de literatuer opdûkt yn sjoernalistyk of wittenskip, dan is dy sjoernalistyk of dy wittenskip op dat plak net suver non-fiksjoneel mear.
   No Wolf wer. Oja, en lit jo ljocht dan ek ris skine oer dy wrâldferneamde sin út ’e diskusje oer de frije yndirekte rede: Morgen war Weihnachten. Eigentlik: ik daagje Wolf út om te kommen ta in stilistyske grammatika dêr’t Hellinga in heale ieu lyn ek mei pield hat - folle nijsgjirriger as dy Chomskiaanske droechneukerij.

 

Yndied: fiksje

Henk Wolf mailt as antwurd op boppesteand stik: ‘‘Ik bin it folslein mei Trinus iens: de doetiidsymperatyf is in typysk narratyf ferskynsel, en it hat wat fan fertroulikheid tusken sprekker en oansprutsene, wat ynformeels. As er yn in sjoernalistike tekst of sok ding opdûkt, krijt dy grif allinnich dêrtroch al in minder saaklik, of mear proaza-achtich karakter.

   Wat de iepen doar by punt 3 oangiet: einliks lizze alle trije punten frijwat yn ’e reden, mar doch wurdt de doetiidsymperatyf gauris oer de kop sjoen. De relevânsje fan punt 3 is dat je de echte doetiidsymperatyf ûntmaskerje kinne troch him yn de notiid te setten. Jout soks in brûkbere, ‘reguliere’ ymperatyf yn de direkte rede, dan kinne je him fuort yn ’e boeiens slaan en fier him ôf nei it hokje foar echte doetiidsymperativen. Wol it net, dan ha je grif te krijen mei ien fan de oare konstruksjes dy't ik neam en dy’t in soartgelikens jaske oan ha, mar fan gâns oare aaien útbret binne.’’
   Dat Wolf it each hie op fiksje, hie ik witte kinnen as ik better lêzen hie. Hy skriuwt op s. 169 fan syn stik yn Taal & Tongval: ‘‘In de Friese fictieliteratuur komen echter af en toe imperatieven in de verleden tijd voor.’’

 

Nijsgjirrich is dat Wolf guon kollega’s fan him frege hat om in oardiel oer in sin mei in doetiidsymperatyf deryn. Dat wiist derop dat it net by foarried fêst stiet oft sa’n sin grammatikaal korrekt of ynkorrekt is, mar dat soks ôfhinget fan it subjektive taalgefoel. En dat taalgefoel kin fansels feroarje. Hjirboppe haw ik skreaun dat in sin as *Skiet no einliken ris, kloat fan in hûn! neffens my net korrekt is. Miskien is er dat oer fyftich jier wol.
   Noch in oare opmerking. As it my goed by stiet, hat Lubomír Doležel (Narrative Modes in Czech Literature, Toronto 1973) beweard dat it yn Tsjechysk narratyf proaza net maklik, of ûnmooglik is om ‘ivige wierheden’ (twa pûn is in kilo, hout driuwt op wetter) oer te setten yn de doetiid yn de frije yndirekte rede. As dat wier is, soenen der dus ferskillen wêze tusken talen wat oanbelanget de fertaalberheid nei de frije yndirekte rede ta. Mar ik kin Doležel syn boek op dit stuit net werom fine yn myn boekekast.
   Wat ik al weromfûn ha is myn boekje Type en talees (1979). Op s. 100 dêrfan skriuw ik: ‘‘Ut is mij opfôlen dot yn ut friesk – mar ut ferskiinsel sil net ta dy taal behaind vêze – hytende fwarrems mai óptatyffunksje vól yn RD oerset vurre kenne, yn tsjinstelling ta hytende fwarrems mai ymperatyffunksje, fergelykje: ‘‘Liet se mar kómme!’’; ‘‘Kwaam mar óp os se dwasten!’’’’ (RD = represented discourse = frije yndirekte rede). Ik hie it ferskynsel fan de doetiidsymperatyf dus doe al synjalearre.

 

Werom nei âlde tiden?

Mei de besprekkers fan myn filmsenario Healwize oanslaggen haw ik it net bjusterbaarlik goed troffen. De besprekkers Veenbaas en Hoekstra - oare resinsjes haw ik net ûnder eagen hân - kapittelje my om myn opfettingen oer de fertelsitewaasje (point of view), wylst se dúdlikerwize yn ’e fierste fierte net witte wêr’t se it oer ha en se kapittelje my om’t ik - leaver: de implied author - net dúdlik posysje kiest yn it fjild fan goed en kwea.
   Ik haw beweard dat de film - likemin as it toaniel - in ferteller hat en dat sadwaande de film in ynformaasjestream minder hat as de roman mei in alwittend, personaal of ik-point of view. Veenbaas is tsjin myn bewearing mei de hele hûd útfallen. Hoekstra neamt myn bewearing ‘nayf’: ‘‘Ja, mar in film hat ek dialooch, stereotipen, plot: en dêr kin men like goed mei manipuleare en jins wrâldbyld yn útdrage as yn in roman’’ (Hjir, juny 2004, 35).
   Dat is wier, mar it is net yn striid mei wat ik beweard haw. Wis kinne der yn in film mieningen en gefoelens ta'n útdrukking bringe, mar net fia in ferteller, se kinne net ferteld wurde, se moatte suggerearre wurde.
   It giet my om in technysk ferskil, net om in wearde-oardiel en dat soe dochs dúdlik wêze kinne? Ik ha my al myn libben ynteressearre foar de technyk fan literatuer, oer de fertelsitewaasje haw ik sels in boekje skreaun. Myn ynteressen falle miskien net lyk mei de ynteressen fan Veenbaas en Hoekstra, mar dat betsjut net dat ik gek bin.
   Ik sil in ienfâldich foarbyld jaan, in sin yn fiif farjaasjes, sa't dy yn in roman foarkomme kinne soe:
1. Hy sette it karke stil en klaude in pakje margarine fan ’e stelling. Nee, blinder, patatfet moast er hawwe! Hy lei it pakje wer te plak en skode fierder mei it karke.
2. Hy sette it karke stil en klaude in pakje margarine fan ’e stelling. Wat wie dat dochs in healwize film, Last tango in Paris. Hy lei it pakje wer te plak en skode fierder mei it karke.
3. Hy sette it karke stil en klaude in pakje margarine fan ’e stelling. Boerebûter wie fansels folle lekkerder. Hy lei it pakje wer te plak en skode fierder mei it karke.
4. Hy sette it karke stil en klaude in pakje margarine fan ’e stelling. Foar kampearen wie sa’n plestik kúpke handiger. Hy lei it pakje wer te plak en skode fierder mei it karke.
5. Hy sette it karke stil en klaude in pakje margarine fan ’e stelling. As it him goed foarstie, dan leinen der noch twa pakjes yn ’e kelder. Hy lei it pakje wer te plak en skode fierder mei it karke.
   Ik wol graach fan de hearen Veenbaas en Hoekstra witte hoe’t se dizze fiif kursive sinnen fia it medium film tinke te kommunisearjen, sa, dat it dúdlik is dat it om fariant 2 giet, en net om 1, 3, 4 en 5, of dat it om fariant 4 giet, en al dy oaren útsletten binne. Lit no ris even sjen dat jim mear binne as roppende en bearende minkukels.

Veenbaas hat as ferwyt tsjin myn senario ynbrocht dat der gjin haadfiguer is dêr’t de lêzer him mei idintifisearje kin. Syn langstme nei in idintifikaasjefiguer sil fuortkomme út syn oerwurdearring fan de psychologyske roman. Of hinget dit ferlet dochs ek gear mei syn opfetting fan de literatuer as opfiedkundich medium?
  
Hoekstra is dúdliker, ek barbaarsker: ‘‘It senario hinget yn in moreel fakuüm. Wêr stiet Riemersma? In bytsje oan ’e kant fan de terroristen? Dat mei! (Respekt foar de frijheid fan mieningsutering.) Mar wês dan dúdliker’’ (Hjir, juny 2004, 34). En wat is der mis mei dat in literêr wurk yn in moreel fakuüm hinget? En wêrom moat de skriuwer (leaver: de implied author) earne ‘stean’? De skriuwer, yn myn fyzje, bringt dingen op it aljemint, beljochtet saken út (in) beskate hoeke(n) wei, hy set dingen yn ’e kiif. Syn doel is om it de lêzers mooglik te meitsjen om har (foar)oardielen even te ferjitten en mei nije eagen nei in saak te sjen.
   It is yn myn fyzje net de taak fan de skriuwer om de lêzers te learen wat goed en kwea is, har oan te trunen it goede te dwaan en it kweade nei te litten. Der binne skriuwers dy't dêr oars oer tinke, bygelyks skriuwers fan jongesboeken en KFFB-skriuwers, mar ik rekkenje my net ta ien fan dy groepen.
   Fjirtich jier lyn ha wy al striid levere tsjin in moralistyske literatuerkrityk, ús heftich ferset tsjin de KFFB-fyzje en besibbe froedboargerlike literatueropfettingen. Ik tocht dat wy dy striid wûn hienen, mar no stiet der godferdomme in nije moraalridder op. Is in skriuwer dan nearne feilich foar de Balkenende-kultuer? Hoekstra, asjeblyft, preekje dyn noarmen en wearden yn ’e sliepkeamer, mar net yn in literêr tydskrift.

 

Is goed lêzen no sa slim?


Jabik Veenbaas is net optein oer myn lêste roman, De nije Sineeske muorre. Dat hoecht fansels ek net. Ik haw it boek mei grutte nocht skreaun en Reinder van der Leest hat it mei grutte nocht lêzen. Klear dus. ‘Ien skriuwer en ien lêzer, en de Fryske literatuer libbet as in hart,’ haw ik jierren lyn yn in kollum skreaun.
   ‘‘Sa sprekt de pessimist dy’t it net wêze wol,’’ seit Abe de Vries yn syn besprek fan myn kollums (Farsk) fan dy opmerking. Wêrom’t dat no wer pessimistysk is, begryp ik helendal neat fan. De opmerking is rjochte tsjin de pessimisten dy’t kleie oer it lytse tal skriuwers en lêzers en de earmoedichheid fan de Fryske literatuer. Myn opmerking tsjûget fan anty-pessimisme tinkt my.
   Mar goed, ik ferwachtsje dat bûten Van der Leest noch wol in hûndert minsken dit boek mei niget lêze sille en dan haw ik it dus net om ’e nocht skreaun. Veenbaas heart net by dy hûndert. Dat hoecht ek net. Oer Veenbaas syn wurdearring fan myn roman sis ik niks. Dit is in hele normale resinsje.


Wêr’t ik al beswier tsjin ha, is Veenbaas syn opmerking: ‘‘Harren hâlding wurdt bytiden iepentlik assosearre mei dy fan it Hitler-rezjym foar de Joaden oer.’’ ‘Harren’ slacht op de stêf fan de AGO (de Alderôfgryslikst Geheime Operaasjes), besteande út brigade-generaal Arma Geddon, kolonel Lou Loene en sersjant earste klas Ab Solút (dy’t feitlik de rang fan luitenant-kolonel hat).
   Tsjin dy opmerking haw ik beswier, hy is nammentlik net wier.
   Dit is in auktoriale roman en dêryn komme, lykas wenst is by dat type, ferteller en personaazjes oan it wurd. Der binne ek noch mingteksten en dy meitsje de boel dreech.
   De ferteller komt as sadanich en los fan de personaazjes twaris oan it wurd. It foarst tekstpart is te finen op de siden 12-16. It meast relevante stik hjirfan is de tirade oer de ‘blinens’ fan de Israëlianen dy’t net sjen kinne/wolle dat der yn har steat in pear fundamintele saken mis binne, foarst dat om dy steat stiftsje te kinnen hûnderttûzenen Palestinianen ferdreaun binne en twad dat der grutte sosjale ferskillen ûntstien binne. De ferteller giet op ’e literêre toer, hy makket sels in hendyadys (‘mei plysje en macht’), teken dat de saak him heech sit.
   It twadde gruttere tekstpart dêr't de ferteller oan it wurd komt. stiet op de siden 57-58. De ferteller makket him hjir tige nidich oer it feit dat de Israëlianen de skiedsmuorre op Palestiniaanske grûn sette: it is klearebarre lantsjepik. De ferteller neamt it letterlik ‘‘in goare rotstreek’’. Syn betooch wurdt frij prinsipjeel, ik sitearje: ‘‘De tiid - mar benammen de geast - fan ’e pioniers is lang foarby. Lân meitsje fan ûnlân, de woastyn ta bloei bring, wyngerds oanlizze dêr’t roatsige leechte wie, dàt wie kearelswurk. Dat is oer. As de Israëlianen no grûn ha wolle, dan pikke se de fruchtbre bougrûnen fan ’e Palestinianen yn. De pionierstiid is begroeven en fergetten. It prinsipe fan solidariteit en soasjalisme, allegear gelyk en elk lyk en rjocht, hat plak makke foar in rjochtse klassemaatskippij, mei ûnderoan de Arabierianen mei in Israëliaansk paspoart en op 'e tuskentrieme de rassuvere Israëlianen út ’e eardere eastbloklannen. Fredige koëksistinsje mei de oarspronklike bewenners fan it lân dêr’t ynearsten nei stribbe waard hat plak makke foar iepentlike spekulaasjes oer in Endlösung.’’ (57) In eintsje fierderop komt de ferteller werom op dy muorre en hy seit: ‘‘Net de Palestinianen sitte yn it getto, mar de Israëlianen hawwe har eigen getto boud. Fyftich jier nei’t har foarâlden yn ’e getto’s omkommen binne wurkje se oan har eigen isolemint en ûndergong.’’ (58)
   Oft men it mei de analize fan de ferteller iens wêze wol of net, men kin it der wol oer iens wêze tinkt my dat dizze man oprjocht is: hy hat respekt foar wat de pioniers bewurke hawwe en it deart him oan dat it mei de steat Israëlië op ’e harsens ferkeard gien is en noch hieltyd giet. Yn dy kontekst falt it wurd ‘Endlösung’.
   Dat wurd brûkt de ferteller hjir grif net tafallich, dit is net in sloadrich stikje, mar in fûleinige en emoasjonele tirade. Hy smyt dat wurd derút om’t er teloarsteld en lilk is. Hy ferliket yndied it Israëliaanske belied tsjinoer de Palestinianen mei dat fan Nazy-Dútslân mei tsjinoer de Joaden.
   Mar it giet hjir net om in fergeliking op koele, wittenskiplike grûnen, mar om in fergeliking op grûn fan heftige emoasjes.
   Ik tink dat in goed kritikus soks meiweage litte moat: wa seit wat, tsjin wa, op hokker stuit, yn hokker omstannichheden?
   Yn alle gefallen, dizze fergeliking fan de ferteller tusken Nazy-Dútslân en it moderne Israëlië kin de stêf fan de AGO (sjucht boppe) net yn ’e skuon skood wurde.
   Dat kinne de oare opmerking oer it konflikt Israëlië-Palestinia likemin. De iennige persoan fan de AGO dy’t ekstreme ideeën hat oer de oplossing fan dat konflikt is sersjant Solút. Mar dat wurdt dan ek mei safolle wurden sein: ‘‘Solút sil it op ’en doer wol bringe ta luitenant-generaal. Heger net, want syn politike tinkbylden binne te rjochtlinich en te ekstreem en hy utert dy ideeën sûnder de minste tebekhâldendheid. De Palestinianen moatte oan ’e lêste ta útroege wurde. Sa, koart en klear. Sa tinke fansels in heel soad Israëlianen deroer, mar dy sizze dat wat behindiger, grif as se in hege post yn it regear of yn it leger hawwe. Solút net, as dy frege wurdt om syn miening oer it Palestiniaanske fraachstik, dan seit er dy miening. Hy is ree om mei ynset fan al syn krêften en fermogens oan dy definitive oplossing mei te helpen.’’ (23).
   De earste twa sinnen binne fan ’e ferteller. Yn sin trije komt de miening fan Solút te praat. De fjirde sin, ‘‘Sa tinke fansels...’’ is wer fan de ferteller. De rest is beskriuwing troch de ferteller fan Solút. De lêste sin fetsje ik op as in mingtekst: it is de ferteller dy’t fertelt, mar it giet om Solút syn ideeën. Sa’t Mieke Bal sizze soe: Solút is hjir de fokalisator.
   It docht yn it boek bliken dat dy ekstreme uteringen allegear fan Solút binne. Ik rin se bylâns: ‘‘It plan om in ôfdieling kamikaze-piloaten op te rjochtsjen is troch de Knesset in streep troch helle. ‘Wy binne gjin nazi’s of faksisten!’ Dat hoecht men ek net te wêzen, mar har metoaden wienen faak wol effektyf en har aksjes hienen in heech rendemint. Mei twa fleanmasines folstoppe mei eksplosiven en twa kamikazepiloaten brochten de Jappen in Amerikaanske carrier mei fiifentachtich fleanmasines en trettjinhûndert man personeel ta sinken. Hoefolle manskippen hie soks op in konvinsjonele manier koste?’’ (81) Dat binne tinzen fan Solút. In eintsje fierder yn dizze selde gearsit fan de AGO: ‘‘Dy âlde kloatsekken! Hy hat dy grap fan it eliminearjen fan Hamaslieders op ’t lêst net betocht, dat hat de Knesset dien, dy stomme politikelingen en Geddon hat him dat troch de strôt triuwe litten. As hy hjir skielk baas is, dan is it út en oer mei sokke aksjes dy’t nei bûten ta de skyn fan legitimens hawwe. Hy sil it grut oanpakke. Ovulaasjeremmers yn it drinkwetter fan ’e Palestinianen, dan binne se oer fyftich jier fan it probleem ôf.’’ (83) Op ’e nij de tinzen fan Solút.
   Binne de ideeën fan Solút represintatyf foar de miening fan de ‘skriuwer fan it boek’, de implied author, sa’t Wayne Booth dy ynstânsje neamde?
Oarssein, wer yn Booth syn wurden, is Solút in reliable narrator? Ut de beskriuwing fan de tinzen fan Solút syn freondin (98-99) krijt men de yndruk fan in egosintrysk man dy’t syn freondin allinnich noadich hat foar seks en foar it skjinhâlden fan syn hûs en klean. De ferteller liket net wiis mei him te wêzen.
   Mar wichtiger is wat oare persoanen fan Solút tinke. Kolonel Loene tinkt twaris oer Solút nei. ‘‘Kolonel Loene skodhollet yn himsels. Watfoar moardmasine hawwe se yn ’e wrâld skopt? En kinne se dy ûnder kontrôle hâlde? Solút toant gjin emoasjes, hy sit koel en kâld nei it skerm te sjen en bestudearret sa’t it liket Kroandea. Eigentlik lykje se opinoar, tinkt Loene, Solút is krekt sa'n kâlde killer. Wy hawwe ek deamakke, mar wy dienen it út ús politike oertsjûging wei, wy hienen idealen. Sokke jonge ofsieren as Solút hawwe gjin idealen, Israëlië seit har neat, it ideaal fan in feilich hûs foar de Israëlianen seit har neat. Se wolle allinnich mar deameitsje, safolle mooglik.’’ (44).
   De twadde kear dat Loene oer Solút neitinkt is yn ’e gearsit fan 'e stêf fan ’e AGO. ‘‘‘Antysemitisten!’ seit Solút./ No knikt de kolonel net, hy sjucht wat sunich en seit: ‘Wolsto ús eigen folksgenoaten, net allinnich de fredeshealwizelingen, mar ek de krityske tinkers by de krante en oan ’e universiteit as antysemitisten beneame?’/ ‘Ja,’ seit Solút. Koart en klear./ Kolonel Loene stelt net de fraach dy't konsekwinterwize folgje moast: Soesto dy minsken dy’t krityk hawwe op ús oanpak fan it probleem fan ’e Palestinianen ek allegear eliminearje wolle? Want hy wit it andert fan Solút, dat is al wer in klear en dúdlik ‘Ja.’ Solút is ree om oan syn ideaal fan in Grut Israëlië alle Palestinianen en trijefearn fan 'e Israëlianen op te offerjen.’’ (82-83)
   Dan springt de ferteller oer nei de tinzen fan generaal Geddon: ‘‘Geddon wit dat ek, teminsten hy hat der in fermoeden fan. Mar dat fermoeden triuwt er fier fuort. Hy wol it net witte. Mei in jier of twa stapt er op en Lou Loene ek, safolle is wol dúdlik. Dan wurdt Solút it haad fan de AGO. Hy wol dan leafst fier fuort sitte, earne yn in âldereinhûs yn ’e Negevwoastyn, dêr’t gjin radio, tillefyzje en tillefoan is.’’ (83)
   Syn beide sjefs tinke ûngeunstich oer Solút en se distansiearje har yn har tinzen fan de ekstreme opfettingen fan Solút. Dêr kinne wy út beslute dat Solút in unreliable narrator is. Syn opfettingen wurde fersmiten troch de implied author.

Dan kom ik nochris werom op it knoffelige sizzen fan Veenbaas: ‘‘Harren hâlding wurdt bytiden iepentlik assosearre mei dy fan it Hitler-rezjym foar de Joaden oer.’’ Dat is ûnsin. Der is yn it dwaan en litten en tinken fan Arma Geddon en Lou Loene neat dat wiist op sympatyen mei de nazy-ideology. Geddon en Loene bestride de Hamas en har definysje fan Hamasleden is frij rûm - mar dat is yn de hele Israëliaanske polityk sa. Se draaie de hân der ek net foar om om in fredesaktivist dea te meitsjen, mar dat is ek net bûtenwênstich.
   De iennige dy’t der útrint, is Solút. Mar wurdt syn dwaan en litten ‘assosiearre mei it Hitler-rezjym’? Assosiearre mei? Unsin, Solút wurdt tekene as in rassist en in folkemoardner yn hope, in man dy’t bewûndering hat foar de Japanske kamikaze-polityk, in man dy’t foar de Palestianen in definitive oplossing yn it sin hat - en yn syn skriklike arrogânsje miskien net iens troch hat dat er ticht by de nazys stiet.
   Ek sûnder Wayne Booth en Mieke Bal moat in lêzer dit dochs wol ûntdekke kinne? Of is goed lêzen wier sa slim?

 

In ferhaaltsjehifker - gjin kritikus

Ik haw Josse de Haan syn roman Feuilles mortes de earste kear lêzen as tekstopmakker, mei alle omtinken foar de ôfbrekkingen en de huorrejongen. De ynhâld haw ik en passant meinommen. Sa, oerflakkich lêzend, foel it my net op dat it ferhaal ferteld wurdt út trije ferskillende posysjes wei, hoewol't ik wol wist dat Josse it boek sa opsette woe. It foel my earst op by rêstich en meisin lêzen.
   Dat ik kin my Jabik Veenbaas syn 'lêsmanier' fan dizze roman (sjuch LC, 1 okt. 2004) bêst foarstelle: ''Want dy 'manlju' lykje safolle op elkoar dat we harren hielendal net ûndergeane as ferskillende personaazjes.'' De sin is wier, of kin wier wêze, te witten as de lêzer hastich en oerflakkich lêst.
   Mar yn de neifolgjende sin draait Veenbaas de boel om, it is no net mear 'wy' (de lêzers) dy't it ferhaal sa ûndergeane, it is de ferteller dy't it ferhaal sa foar ús opbout: ''It tsjindiel is wier: der wurdt stadichoan in in frij gearhingjend byld foar ús opboud fan ien manljusfiguer dy't lijt ûnder it ferlies fan syn mem en fan syn âlde leafde.'' Dat is ûnsin, der wurdt troch de ferteller in byld opboud fan trije ferskillende figueren, mar de lêzer Jabik Veenbaas makket dêr yn syn resepsje ien fan. Dy iene persoan is in kreaasje fan Veenbaas.
   Yn de sin dy't dêr wer op folget makket Veenbaas de omkearing kompleet: ''De Haan hie dat gûcheljen mei dy idee fan ferskillende ikken dan ek net nedich hân foar syn roman; it docht oan as in forsearre fynst.''
   Dat, liket my ta, is lêzersdiktatuer: wat dy skriuwer allegearre byinoar skreaun hat kin my neat skele, ìk lês it boek sà en dus hie de skriuwer it ek sa skriuwe moatten.
   Veenbaas makket him hjir ta sprekbuis fan de oerflakkige lêzer, de luie lêzer, de lêzer dy't mei de minste ynspanning oan syn gerak komme wol. Veenbaas freget mei dy luie en oerflakkige lêzer dat de skriuwer sa skriuwt, dat syn ferhaal naadleas oanslút by syn simpele ferletten op moreel en emoasjoneel mêd. Babbelegûchjes, foarmeksperiminten, dêr is neat gjin ferlet fan. De lêzer moat op de simpelste manier oan syn gerak holpen wurde. It ferhaal as in hapkleare brok dy't sa trochslokt wurde kin. De skriuwer as leveransier fan tafeltjedekjemielen, fiif minuten yn de magnetron en frette mar.
   Dizze man, Veenbaas, hat gjin inkeld begryp fan de oandriuw, de ynspiraasje fan in skriuwer om in boek op te setten. Dat is net it 'ferhaaltsje', it 'barren', mar dat is de 'oanpak', it 'manierke', de 'fertelwize', de 'eksposysje'. It is fansels net sa, dat by de skriuwer de ynhâld der net ta docht, mar dy ynhâld kin earst komme as der in foarm is dêr't dy ynhâld him yn delbêdzje kin. De foarm is it fangnet dêr't de skriuwer de ynhâld yn fangt.
   Veenbaas is gjin literêr kritikus, hy is in ferhaaltsjehifker.

 

Sorry, mar ik ha gjin nocht mear

 

Ik haw in skoftlang mei amper ynhâlden argewaasje – dat jou ik grif ta –, mar ek mei it geduldich útlizzen fan de literêre teory besocht om de ûnsinnichheden yn de skriuwsels fan Eric Hoekstra, Jabik Veenbaas en Abe de Vries te wjerlizzen.

   Dat hat neat jûn en it sil neat jaan.

   Ik konstatearje ta myn ûntheistering dat ik tsjin deselde plattens fan geast polemisearje as ik fjirtich jier lyn dien haw yn De skriuwer foar it doarpsbelang. De notaris/petearlieder seit yn dat ferhaal: ‘‘Ik moat sizze ik fiel wol oan wat Turkstra bedoelt, mar myn krityk is dat hy fierste literêr tinkt. Literatuer is prachtich, dêr wol ik neat fan sizze, mar wy binne hjir gewoane minsken. Wy hoege it net sa djip te sykjen en de saak sa prinispjeel te stellen.’’

   Dy mentaliteit haw ik my yndertiid fûl tsjin ferset, mar dat doch ik net noch in kear. Rûntsjemeal mar troch yn jim eigen ûnferstân of smoar yn ’e kofje en stjer.

   Ik ha der gjin nocht mear oan.

   In Abe de Vries skriuwt oer/tsjin my: ‘‘Mar tink net dat Riemersma him, as men him dêr op ferget, fjouwerkant solidêr ferklearret mei syn implied author.’’ Wa’t it wurk fan Wayne Booth lêzen hat, wit dat dit baarlike ûnsin is. Nee, ik lis dat net mear út.

   In Jabik Veenbaas slacht unferfroren de tekst fan Josse de Haan syn roman lyk mei syn eigen resepsje fan dy tekst. Neat opstutsen op kolleezje en letter ek noait wer in boek ynsjoen?

   Ik ha der gjin nocht mear oan.

   Ik hâld fan polemyk, mar dan op grûn fan feitekennis en mei krêft fan arguminten. Brutale domheid beselskippe fan arrogânsje, dêr wyk ik foar.

   Farwol, ik sil net in letter wer tsjin jim skriuwe.