De Bwarre as filmskript

 

er binne twa redens wêrom’t ik al langer ornearre haw dat der fan De Reade Bwarre eins in film makke wurde moatte soe. Foarst om’t it ferhaal yn myn eagen filmyske kwaliteiten hat. Dan tink ik bygelyks oan de tocht fan Tilly oan heite hân oer de barten nei it kolkshúske ta, en oan de tocht fan tsjerkeminsken en wapene folk nei de Bjirmen ta om in ein te meitsjen oan ’e ketterij fan it Bwarrisme. Twad, om’t ik fyn dat it Bwarrisme, grif nei de ein fan it boek ta, wat weiwurdt. Yn in werskreaune foarm, as filmskript, soe it Bwarrisme, mar ek it spoekeftige, it folksferhaaleftige, in folle promininter plak krije kinne.
   Nimmen hat ea oanstriid hân om in film te meitsjen op basis fan it boek, dat, ik sil it sels dwaan moatte no, net de film, mar it skript
   Wat ik ynearsten doch, is in tal sênes skriuwe op basis fan it boek. De komposysje moat ik my noch oer beriede.

 

(part 1)

1.

In jonkje fan in jier of fiif bokselt de strjitte del. Hy is klaaid yn in koarte broek en in kyltsje en hy hat klompkes oan. Hy hat it lofterhantsje tichtknypt en hâldt it knûstke foar him út. Yn ’e rjochterhân hat er in toutsje dêr’t er in houten hynder op tsjeltsjes oan meisleept. It hynder is wytferve, it ûnderstel en de tsjeltsjes binne read. It jonkje set ta op in tillefoansel op ’e hoeke fan ’e strjitte. Hy lit it tou los en besiket de doar op te lûken. Dat slagget net. Hy leit wat er yn ’e hân hat op ’e stiennen del, it docht bliken dat it dûbeltsjes binne. Hy hoart no mei beide hannen oan ’e doar. Dy giet in bytsje iepen en hy set de klomp dertusken. Hy lûkt de foet út ’e klomp en hoart jitris oan ’e doar. Dy giet wer wat fierder iepen en hy skoot mei de foet sûnder klomp it hynder tusken de doar. Hy pakt syn dûbeltsjes wer op en set it rjochter skouder tusken de doar en it kezyn, de doar giet op. Hy reaget mei de foet it hynder yn ’e sel en glipt dan sels ek nei binnen ta. De doar bliuwt hingjen op ’e klomp. It jonkje docht de oare klomp ek út. Hy set it hynder foar it tastel en giet op it hynder stean wylst er him oan de koarde fan it tillefoantastel omheech lûkt. Hy nimt de hoarn fan ’e heak en triuwt syn dûbeltsjes yn ’e gleuf. Hy draait in nûmer. Hy wachtet even. Dan ropt er mei syn bernestimke.
JONKJE: Skriuw my it boek oer de geast fan Baldgrim!
De kamera nimt distânsje fan ’e tillefoansel en glidet omheech oer de huzen en dakken nei de loft ta. Yn ’e wolken ferskynt de kop fan in reade bwarre dy’t fûl sjocht.

2.
In hege keamer yn in âld pastory of hearehûs.
Foar is in skou mei in swarte smidskachel derfoar. Rjochts dêrfan stiet in buro mei in kompjûterskerm derop. In man sit, mei de rêch nei de kamera ta, te typen. Om ’e kachel hinne stanne in antike dôfpot en in houtbak. Lofts fan ’e skou stiet in piano. De muorre rjochts hat in pear kastdoarren. Boppe dy doarren binne donkere skilderijen. De muorre lofts hat twa grutte ruten mei brede finsterbanken. Der komt net folle ljocht binnen, want foar de glêzen waakse strûken. Yn ’e finsterbanken stanne ek mânske planten. Yn ’e midden fan ’e keamer, ûnder de kroanlampe, stiet in rûne tafel mei in faas mei strieblommen, in jiskebak mei in piip deryn, in tabaksfetsje, de bibel en in pear kranten. Boppe it buro hinget in skilderij en boppe de piano hinget in regulateur. Yn ’e hoeke tusken it rút en de piano hinget in swier gerdyn. De kompjûter is it iennich moderne yn dizze âlderwetsk ynrjochte keamer. In man skarrelt yn tinzen troch de keamer, foar de ruten lâns.

IN METALIGE STIM MEI IN WJERLÛD: Skriuw my it boek oer de geast fan Baldgrim.

De man syn bewegingen bestjurje. Hy bliuwt in set sa stean. Hy rint nei it taffeltsje en begjint stadich en mei sin de piip te stopjen en slacht de brân deryn. Hy paft in pear kear koart efterinoar en nimt dan flinke halen. Hy blaast de reek de kant út fan ’e ruten, dan yn 'e rjochting fan ’e kamera. It is in net sa jonge man mear. Hy hat in fan kleur fersketten burd en it hier wurdt tinder. Dan keart er him nei de muorre mei de kasten en blaast dêr in mûlfol reek hinne. By einsluten blaast er de reek de kant fan 'e skou. Op ’e nij sûcht er oan ’e piip, blaast reek omheech en nei de grûn. Hy begjint te preuveljen.
MAN:
Ut jarre, reek en tarre
komme wy foar:
bitterheid, yllúzjes, dea
dwale en dwylje om
en gonne wer teloar
yn jarre, reek en tarre.

De reek wurdt no folle tsjûker, wâlet om de man hinne en benimt him ut sicht op ’e dingen om him hinne. De klok boppe de piano, de skilderijen oan ut levont ferdwine yn ’e dize. Stadichoan lytser wurdt it eachweid. Dan nimme nije dingen it plak fan de âlde yn. Der begjinne strûken te waaksen út ’e keamersflier en der brekke beamtûken troch de muorren hinne. Der is lûd fan hurde wyn. Der wynderje dingen by him lâns, in treppot, in stoel, in biezem, in jas, in slide, in pear heinderballen, in draak mei in sturt. De hurde wyn tilt de man op en kwakt him del op ’e stoel foar de kompjûter. Oer it hele buro hinne slingerje har planten mei blommen, dêr’t allinnich it kompjûterskerm út tefoarskyn komt. De kamera zoomt yn op it kompjûterskerm wylst de man typt. Dizze tekst ferskynt: ‘It evangeelje fan Baldgrim.’

 

(part 2)

Panorama fan tsjerke en tsjerkhôf fan Ferwert, de klintsjes fan ’e Lytsebuorren, it op- en wer delrinnende paad de Bok nei de Bûterhoek ta. Dan glidet it byld nei it noardwesten ta. Boulân tusken de ferkearsdyk oer de klaaidoarpen en de seedyk. Loanen trochsnije it lân súd-noard. Manlju yn midsieuske klaaiing en mei dito ark dolle rapen út ’e grûn. In tekst ferskynt yn ’e wolken: ‘It Klaailân.’
In jonkje boartet mei de swarte, wrede kluten. In âld man riist oerein en wiist nei de Ferwerter toer.


ÂLDMAN: Sjuchste dy toer dêr wol stean, Hedzer?
JONKJE: Ja, pake.

It fûgelflechtperspektyf ferglidet fan it Klaailân nei it súdeasten fan Ferwert, en letter noch mear dy kant út.
In preamfol hea wurdt de Ferwerterfeart del nei de buorren lutsen. Súdliker, tusken Ginnem en Foswert, slagge manlju en froulju yn ut hea om.
Boppe it miedlân sirkelje in pear roeken. Dan sette se ôf, it suden yn. De kamera nimt it perspektyf fan ’e roeken oan. It giet oer sleatten, fearten, puollen, oer pleatsen, útbuorrens, doarpen – it koe Burgum wêze –, de iensumheid yn, oer heide, heechfean, sân. Dêre, midden op ’e rûmte, stiet in bouwurk, heal hûs – heal hoale: in reiden tek krekt boppe de grûn.
   Njonken it hûs binne ekers mei brune beantsjes, grauwe earten, rapen en koal. Fierder fan it hûs ôf waakst wat tin gers dêr’t in geit en in skiep yn stanne. En wer fierder is heide, safier’t it each rikt.
   De roeken sette har del op ’e heechste, deade tûken fan ’e ikebeam neist it hûs en sjugge mei wakker begearige êchjes nei de man dyt yn ’e brunne beantsjes stiet te wjoeren en nei de manske reade boarre dy’t op ’e ein fan ’e eker leit en dy’t no en dan fan doel liket om oerein te gean, mar noait mear as ien poat, en lang net altyd deselde, ûnder it gat kryt.
   De jongeman yn syn lapeguod, op houtblokken en ûnder striehoed pjukt evenredich mei in stôk yn ’e grûn om túchjes en twiichjes los te krijen. It is net in stôk sonder mear, oan ’e ein sit noch in stikje iisder, it iennige dat, mei de lapen en de striehoed, wize kin op in beskate kultuer.
   De boarre rekt no ien foar ien alle poaten út. Dan, nei’t er se wer ynlutsen hat, skoarret er him op ’e rjochterpoat oerein. Dan folget de lofterefterpoat, dan de lofterfoarpoat en by einsluten wurdt er fan trijepoater fjouwerpoater.
   De kat rint mei weardige stappen poatsje foar poatsje op wjoerder ta.


DE BOARRE: Grimbald, ik wol dy wat seze. Ik haw dyn warberens sjoen, dyn ivrich gepiel fan ’e iere moarntyd oant ’e lette jûntyd mei de geit en it skiep en it tún. Do tinkst dat ik yn ’e alve jier fan myn ierdsk bestean oars net dien haw as loailakje en sliepe, mar dat is net wier. Ik haw nei dy sjoen en ik haw neitocht.

Grimbald sjucht tusken twa pjukken mei de stôk ferachtlik nei de boarre.

DE BOARRE: Ik wit datsto neat fan tinken ha moatst.
GRIMBALD:  Dêrom. Tink do mar. Lit my derbuotten.
DE BOARRE: Mar wat ik betocht haw belanget dy oan! Wat bedijsto mei dyn geskrep? Idelheid is it. Ja ferdomd, idelheid. Wat is it grutte doel yn dyn libben? It is der net! Wat is dyn ideaal? It is der net. Hat dyn mem dy dêrfoar dragen en berne? En kinsto nei dut ferpielde libben tefreden de holle delleze?
GRIMBALD: Praat fan neat! Ik kin my net yn ’t sin bringe ea by in frou yn ’t liif sitten te hawwen, dus is it net sa. Salang’t it mij heuge mei hae ik oan ’t vjoeren west, ik haw dus altyd bestien.
DE BOARRE: Mar ienkear sil der in ein oan kómme!
GRIMBALD: Sil ik dat witte?
DE BOARRE: Nee.
GRIMBALD: Dus sil ik ivich bestean.
DE BOARRE: Swij, swij! Hear, o Grimbald, it wird dat dy bart út ’e muolle fan Baldgrim de boarre. O Grimbald, o ivige, dy’t west hat en wêze sil, wês my in paadsljochter en heraut. Besprek de mannichten, hoedzje de massa’s, hein de legioenen. Gon nei de doarpen en de stêden en rop de minsken op ta de tsjinst fan God. Lit de geit en it skiep los, lit dyn hûs en hear efter dy, nim dyn besittingen en dyn stôk en gon!
GRIMBALD: Dat wurd barde my fanwegen Baldgrim?
DE BOARRE: Jins tsjinner.
GRIMBALD: En Baldgrim hat dut sels betocht?
DE BOARRE: Dat sprekt, mar God tinkt der krekt sa oer.
GRIMBALD: Dat is fan minder belang. No, dan gón ik.

Grimbald wjoert de eker dien en lit de geit en it skiep los. Se swalkje de heide oer. Hy yt un oerbleaun krouske út ’e stiennen poat op. Dan dûkt er nochris de hoale yn en komt wer mei in plestik pûdsje, dat er yn ’e buosse triuwt. Hy pakt in gongelstôk en stekt ôf de heide oer. De boarre teantet him efternei.

DE BOARRE: Net al te gysten, Grimbald, ik wurd in dei âlder!
GRIMBALD: Wat woesto dan?
DE BOARRE: Mei fansels! Ik moat dy fertelle watst tsjin ’e wrâld seze moatst. Do witst ommers net... eh...
GRIMBALD: Yn it wurd dat my barde waar rept fan it loslitten fan ’e geit en it skiep en fan it meinimmen fan besittingen en stôk. Oer it meinimmen fan in reade boarre kin ik my net yn ’t sin bringe dat wat sein is.
DE BOARRE: Ik ha mysels fergetten!
GRIMBALD: Do bedoelst: God hat dy fergetten.
DE BOARRE: God bestiet net!
GRIMBALD: Soms vól! Nee jonge, do bliuwt hjir.
DE BOARRE: En wat moat ik dan?
GRIMBALD: Dea! Ik ha dy alris earder sein, dat erflik prakkesearjen wurdt dyn dea nochris.

Grimbald ûnderhellet de stôk en slacht de boarre de kop yn. Dan stekt er ôf, de heide oer en ferdwynt út it sicht.
De boarre stekt noch ienris de kop op.


DE BOARRE: Mar myn geast giet mei dy!

(part 3)

1.
Lokaasje as yn part 1, 2.
De kopijskriuwer sit efter de kompjûter te typen mei in piip yn ’e muolle. Grutte wolken reek waaie him om ’e holle hinne. Dat duorret in heale minút. Ynienen is der in knallûde, metalige stim.

STIM: Skriuw my in stik oer de lytse Tilly!

De man efter de kompjûter wurdt sa kjel dat er fan ’e stoel ôf nukt, de piip stoot him út ’e muolle. Hy klaut wer oerein en krijt de piip fan ’e grûn. Hy docht in pear halen en smookt wer.
Hy giet sitten en stoarret nei it rút ta. Dan giet er oerein en leit de piip del op ’e jiskebak op it platte taffeltsje midden yn ’e keamer. Hy rôlet de broeksboksen op en hellet it puodde mei knikkerts út ’e kast. Hy giet op ’e knibbels lizzen en rôlet mei de knikkerts oer de keamersflier.
Hy set in pear stuollen efterinoar en giet op ’e foarste sitten. Hy seit ‘tsjûke-tsjûke-tsjûk’.
Hy giet de keamer út en komt fuortdernei werom mei in sjipkûm en in trijekoppege bwóltsjeblazerspiip. Hy blaaste bellen, reade en griene en blauwe. De keamer rekket der fol mei en de kopijskriuwer ferdwynt efter de bellen.

2.
Simmer. Oerdei. De sinne skynt en bakt it hea droech. Yn it miedlân neist in brede feart binne twa manlju oan it weidloeien. Op ’e ein fan ’e greide keart in man mei hynder en swylmasine en komt op ’e kamera ta. De kamera swaait op ’e daam ta. Efter de daam is in reed dy’t omheechrint nei de brêge oer de feart. Yn ’e wâl by de daam lizze jassen, festjes, kilen en termoflessen.
Dêr sit ek in jonkje, it is it jonkje út part 1, 1. Hy sit mei de kont op ’e hakke fan ’e klomp en sjucht tige benaud en hat in opset, read gesicht. Ut en troch skoot er mei de kont oer de klomp hinne. Hy tyspelt mei gersraaien om.
   De manlju ha de weide fol. De opstekker rikt de loeger de bynpeal oan dy’t oant no ta efter de weide oan sleept wie. De opstekker smyt de loeger fan foaren in tou ta, dat de loeger oer de ynkeepte kop fan ’e bynpeal skoot. De opstekker set it tou foar fêst. Dan wurdt der fan efteren in tou oer de fier útstekkende bynpeal smiten. De opstekker begjint it tou strak te lûken. De loeger lit him oan dat tou by de weide delsakje. De loeger sjucht nei it jonkje dat by de daam sit. Hy seit wat tsjin syn maat en stekt dwarsoer nei de daam ta.

MAN: Woest net op ’e bynpeal sitte?

It jonkje skodhollet.

MAN: Wolst op ’e weide nei de pleats ride?
JONKJE: Nee.
MAN: Do sitst hjir sa stil. Wêrom boartest net? Moatst nei ’t húske?
JONKJE: Ja.

De weide mei hea komt de eker del en riidt op ’e daam ta. De loeger ropt wat tsjin de opstekker dy’t op it foarkret fan ’e weide sit. De loeger pakt it jonkje by de hân en lûkt him oerein.

MAN: No, kom dan mar gau!

De man rint mei grutte stappen op ’e daam ta, dêr’t de weide krekt trochhinne kriemd is. It jonkje hat lijen om mei te kommen. Se gonne de reed op dy’t nei de brêge It Set ta rint. It hynder hat bealigjen om de weide omheech te lûken. De stjoerman lit him fan it foarkret glide en rint skean lofts efter it hynder. De man en it jonkje helje it reau yn.

MAN: (tsjin syn maat:) Hy moat nei ’t húske.

De maat knikt. De man lûkt it jonkje mei oer de brêge oer de brede feart. Lofts stiet in dûbele went oan ’e feart. Der waaie ruften oan ’e line. Heit en soan rinne op de wenten ta. Dêrwei begjint in fuotpaadsje. Oer de greppels binne balken lein. De heit lûkt it jonkje mei, somtiden liket it dat syn lytse poatsjes de grûn amper reitsje.
   Foar har, op in ôfgroeven terp, leit de manske pleats, in kop-hals-romp mei de kop nei it easten ta, rjochts. Mear nei lofts is noch in pleats te sjen, dy’t neist de terp leit en yn beamguod ferskûle giet. De kamera bliuwt hingjen it efterstik fan ’e pleats op ’e terp, dêr’t de kowerútsjes fan sichtber binne. De kamera dûnset op en del, as waard it byld waarnommen troch de eagen fan it dravende jonkje.
   De kamera glidet oer de skonken fan heit en soan, de grutte stappen fan ’e man yn blauwe broek, blaunassauwe sokken en kapklompen oan. De lytse wite klompkes fan it jonkje, grize knibbelhoazzen en swarte sokken oan, in koart griis broekje. De poatsjes dribbelje en stroffelje.
Se moatte om in tichte hikke hinne. De man giet sels earst, lûkt dan it jonkje om ’e hikkepeal hinne. Wer fierder, se komme oan ’e foet fan ’e steile terp. De man lûkt it jonkje by de skeante fan ’e terp op. Dan giet it oer it hiem, by de kowerútsjes lâns, de buothúsdoar troch. Se komme yn in foech haltsje, rjochtút is de doar nei it buothús ta, rjochts is de doar fan it kolkshúske. De man raamt dy doar iepen, smyt it houten lid fan it húske en strûpt it jonkje de broek del. Hy sjucht dat it ûnderbroekje fol stront sit. De man komt oerein en himet swier. Hy stiet yn prakkesaasjes. Dan krijt er wat krantepapier en behimmelt it jonkje syn kont en ûnderbroek. Hy docht it jonkje de smoarge brod út en lûkt him mei it húske út.
   Op it hiem stiet de man om him hinne te sjen. It jonkje sjucht tige kloatich mei de beide broeken op ’e slomp. Dan is der roppen, in frou komt it hiem oer.


BOERINNE: Wat ha wy no?
MAN: Hy hat him bedien.
BOERINNE: Och hea! Jou him my mar mei, Reimer, ik rêd der wol mei.

De man lit it jonkje los, de boerinne nimt it jonkje syn hantsje.

BOERINNE: No, kom hy mar mei, Tilly.

De man stiet de boerinne en it jonkje nei te sjen. Hy skodhollet en suchtet. Dan sjucht er nei syn hannen. Hy krijt in pôltsje hea fan ’e grûn en faget de hannen ôf. Hy rint nei de skuorre ta, dêr’t de skuordoarren wagenwiid fan iepen stanne.
   De boerinne en it jonkje wurde wei yn it mulhûs troch in platte doar.
Yn it mulhûs stanne amers, waskrekken, fietsen, tobben. Der is ek in trijepitspetroaljestel mei in grutte grien gimmelearden tsjettel derop. It dampt justjes út ’e tute. De boerinne set in stoarten ovale tobbe op in trijepoatske skammel ûnder de pomp en pjutske in striel wetter yn ’e tobbe. Dan jit se út ’e tsjettel in snjit hyt wetter yn ’e tobbe. Se reart mei de hân hyt troch kâld wetter en fielt mei de earmtakke. Se docht it jonkje de beide broeken út en triuwt se yn in amer. Se pompt de amer healfol. Se docht de doar nei de gong iepen en pakt it tobke.


BOERINNE: Kom mar, Tilly.

It jonkje dribbelt hoasfuotling mei syn bleat kontsje efter de boerinne oan, de gong yn. De boerinne druk mei de earmtakke kruk fan de keamersdoar los en triuwt de doar mei it skouder iepen. De doar swaait op. Sichtber wurdt in moai ynrjochte boerekeamer mei swiere meubels, in steande skimerlampe en in piano. Yn ’e midden, ûnder de lampe stiet de tafel mei in readplússen kleed derop. By de tafel stanne twa jonkjes. Ticht by it rút sit in moaie jonge frou.

BOERINNE: Kom mar, jonkje.

Tilly giet skou oer de drompel.

BOERINNE: (Tsjin de jonge frou:) Hy hat him bedien!

De jonge frou glimket. De boerinne plantet it tobke op it dresswaar en hellet handoeken út it kastke. Se docht Tilly hoazzen en sokken út en lûkt him it kyltsje, boarstrok en himd omheech.
Se tilt him op en set him yn it tobke. Se wasket him, droeget him ôf en docht him in ûnderbroekje en in boppebroekje fan ien fan ’e boerebern oan. Dan giet se de keamer út om it tobke en de handoeken fuort te bringen
   Tilly dy’t hyltyd wat beskamme foaroer sitten hat, doar no de holle wer op te heffen. Hy sjucht nei de beide jonkjes en nei de moaie jonge frou. Mar der is noch wat, dat Tilly syn omtinken lûkt: op ’e tafel stiet in oranjekoeke. Tilly bliuwt stokstiif stean as er de oranjekoeke gewaar wurdt en syn blik is derop fiksearre. It liket oft de beide boerejonkjes no ek earst erch krije yn ’e oranjekoeke. Har bewegingen bestjurje en se stoarje lykas Tilly nei de oranjekoeke.
De boerinne komt de keamer wer yn. Se laket as se de bern langhalzjend stean sjucht. Se snijt de oranjekoeke oan en skoot de jonge frou in stik op in pantsje.


BOERINNE: Jim krije ek in stikje, mar jim moatte der foar sjonge.
ALDSTE BOERESOAN: (Sjongt:) Hup sûpengroattenbrij en krije sil ik dy.

De jonge frou klapt yn ’e hannen. De boerinne jout it jonkje in stik oranjekoeke op in pantsje. Tilly snúft en sjucht tige ferachtsum.

JONGSTE BOERESOAN: (Sjongt:) Fuort âld guds, nei Dokkum ta... Fuort âlde guds, nei Dokkum ta... Fuort âlde guds, nei Dokkum ta...
BOERINNE: Moaisa. (Se jout har soantsje ek in stik oranjekoeke. Tsjin Tilly:) No hy!
TILLY: (Sjongt:) Frysk bloed tsjuch op, wol no ris brûze en siede, en bûnzje troch ús ieren om. Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan ’e ierde, it Fryske lân fol eare en nocht. Klink dan en daverje fier yn it rûn, dyn âlde eare, o Fryske grûn.

De jonge frou klapt de piano iepen en spilet it refrein mei.

TILLY: (Sjongt:) Klink dan en daverje fier yn it rûn, dyn âlde eare, o Fryske grûn.

De jonge frou klapt yn ’e hannen, mar Tilly set fannijs yn en se begjint like hurd wer mei te spyljen.

TILLY: (Sjongt:) Frysk bloed tsjuch op, wol no ris brûze en siede, en bûnzje troch ús ieren om. Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan ’e ierde, it Fryske lân fol eare en nocht.

In mongen koar begjint mei te sjongen.

KOAR: Kllink dan en daverje fier yn it rûn, dyn âlde eare, o Fryske grûn.

Bûtenopname fan ’e pleats op ’e terp. De pleats ferdwynt en makket plak foar in kleaster. Foar it kleaster sjonge nonnen en muontsen yn kanonfoarm fan Klink dan en daverje. In orkest spilet mei. Dan klinke boppe it orkest út fûle pianolûden.
   It byld ferpleatst him wer nei de boerekeamer ta dêr’t de jonge frou, se is no neaken, fûl op ’e piano huft. Se sjongt mei, de boerinne en har beide jonkjes sjonge ek mei en men heart noch it koar fan muontsen en nonnen. Mar Tilly heart men boppe alles út.
   De boerinne smyt de ruten iepen en de kamera folget de klanken fan it liet nei buotten ta. It giet by de buothúsmuorre lâns nei it kolkshúske ta, by de terp del, om de hikke hinne, oer de barten, foar de dûbele went loftsôf, dan wer rjochtsôf, oer de brêge neamd It Set. It liet skuort oer it weidlân. De heaoppers wynderje útinoar, de petten stowe de manlju dy’t oan ’t loeien en swyljen binne fan ’e kop. Hyltyd fannijs klinkt it Klink dan en daverje. Wylst reizget de kamera fierder oer de minne miede neamd de Kwaaien, oer Wânswert, de Dokkumer Ie.
   De kamera stoot nei mei kûgelsfeart oer it lân, dat men allinnich noch mar strepen sjucht. Dan begjint de kamera stadiger oer see en lân te gliden. Der ferskine opnamen fan ’e ynfaazje yn Normandië. Soldaten komme mei har lanningsfartugen op ’e kust ta en springe it wetter yn as de klep delfalt. Mitrailleurkûgels ketse yn it wetter. En noch hieltyd klinkt it mannichfâldich sjongen fan Klink dan en daverje.
   Ynienen is it stil. Ynterieur fan ’e boerekeamer. Elkenien sit of stiet rêstich op syn plak.

BOERINNE: No, no!

Se jout Tilly in stikje oranjekoeke.

(part 4)

It Klaailân. In reade boarre poatet oer de wiete kluten fan it krekt ploege lân tusken seedyk en Mûndersloane. Hy giet it westen yn en dan nei it suden ta, op nei Reinalda’s pleats. Dêrwei rint er yn ’e berm lâns op Ter Sted ta. Hy giet oer in daam it lân yn, yn noardeastlike rjochting. As er op ’e Mûndersleane bedarret, folget er dy it noarden yn. By it Houten Hemeltsje makket de loane in heakse bocht nei it westen ta. De boarre bochtet mei en rint op it krakkemikkige ûnderkommen fan ’e Modderklauwers ta. Hy stekt de daam yn en syn earste gong is nei de bult âld hout. Hy docht in slach om de houtbult hinne en mycht in striel tsjin it hout oan. Dêrnei bepoatet er de mjuksplanke, de pipegaal, de pikestjelp. it skytkret, de haaiwein en by einsluten mycht er in striel tsjin in blauwe broek dy’t op ’e line hinget.
   De boarre stekt ôf en giet streekrjocht it westen yn. Hy giet noardlik fan ’e Wester-Nijtsjerkster tsjerke en fan it kloftke huzen oan it dwarseintsje yn ’e Hearrewei lâns en bedarret by einsluten yn it Maremer Bosk. Dêr set de boarre it hiem fan in gerniersspultsje op. Efter it skuorke stiet in molkkarke. De boarre mycht tsjin in tsjel oan. Dan set er nei de foarein ta en springt yn it finsterbank. Troch it rút sjucht er trije minsken. In man en in frou fan sa’n fyftich jier en in bleek, jongfrommes fan in goeie tweintich sitte by de tafel oan it miel. Se ite jerappels sûnder griente. De âldere frou pjukt yn it fleispantsje en skoot man en dochter in gehakbaltsje op it board. Wylst se wer sitten giet, sjucht se de kat yn it finsterbank sitten. Se rint op it rút ta en makket meneuvels mei de hannen.

ÂLDE FROU: (min te ferstean) Fuort kat! Fuort!

De boarre wipt linich út it finsterbank wei en rint wer nei de efterein fan it stjelpke. Hy fynt in doar dy’t oan stiet en slûpt it skuorke yn. Hy sjucht in frouljusfyts stean en mycht tsjin it foartsjel oan. Dan set er wer nei bûten ta en rint de Lege Hearrewei del rjochting Wester-Nijtsjerk.

In kâlde hjerstdei. In jonge man en in jonge frou klompje de Lege Hearrewei del fan it Marumbosk nei Wester-Nijtsjerk. De man lûkt in karke op transportfytsbannen dat oars brûkt wurdt om de molkbussen te ferfieren. It is mar in behindich karke, goed foar seis molkbussen. Fan it karke is hast neat te sjen om’t it folloege is mei bêdeguod: kessens, tekkens, in pel, in pear striematrassen. It is in tuitelige boel dy’t hieltiten hinne en wer glidet.
   De man wâdet mei grutte stappen de dyk del. Hy hat in piip yn ’e mûle en sjucht stiif foar him út. It jong frommes hippelt om it karke hinne, jout dan hjir en dan dêr in triuw tsjin it ferglidende bêdeguod oan.


EELKJE: Têke, net sa gysten! Aansens sabelt my de boel de dyk oer!

Têke, de man klompet troch, hy jout gjin asem.

EELKJE: Têke, net sa wrimpen. Ik ha hâlden en kearen.
TÊKE: (grommelt) Minske, dit fret oeren! Men fergriemt hjir in dei oan!
EELKJE: Ja, no! It moat allegearre syn hantrekken ha, dat is fansels.

Wester-Nijtsjerk. Op it tsjerkhôf stapt in reade boarre om. Hy poatet oer de grêfstiennen hinne en hat syn niget oan fûgelguod om him hinne. Dan set er de dyk út nei it streekje huzen ta, dat yn it ferlingde fan it Lang Paad leit. Moai yn ’e berm lâns stapt poeke, en as der in persoan op in ratteljende fyts lâns komt, dan dûkt er djip de berm yn.

In keale lytse keamer. Neat oer de flier, neat oan ’e muorren, gjin kachel noch stuollen. Oer de keamersflier leit in heap bêdeguod, kessens, lekkens, tekkens, in pel, twa striematrassen. Der binne twa jonge minsken, in man (Têke) en in frou (Eelkje).
   Eelkje taast yn ’e brol bêdeguod om, leit de kessens byinoar, teart de tekkens op. Têke is dwaande de ûnderlegers te plak te skikken.


TÊKE: No, de striematrassen mar!

Eelkje hoart der oan om, mar se binne har te mânsk. Têke krijt har it matras út ’e hannen en sabelt him op ’e ûnderlegers. Dan de twadde. Eelkje stiet wurch en ferslein te sjen nei de warbere man dy’t fan gjin wurgens wit.

TÊKE: (hy wiist nei de pel) No dizze?

Eelkje knikt. Têke pakt de pel op en flijt him de striematrassen. Hy sljochtet de pel. Dan komt er werom en skopt yn ’e lekkens en tekkens en kessens om dy’t Eelkje krekt sortearre hie.

EELKJE: Toe ju!

Se pakt in moltonnen lekken en teart dat oer de pel hinne en stoppet de einen yn.


EELKJE: Men soe der suver sin oan krije.

Têke sjucht har oan. It skoppen yn tekkens en kessens hâldt op. Hy pakt har by kop en kont en tilt har op it bedstee. Redsum springt er har nei, giet op har skonken sitten en strûpt har de jurk omheech.

EELKJE: Têke!

Têke skuort har de grutte wite broek fan ’e kont en wrot syn knibbels tusken har skonken. Hy knopet de gulp los en hellet it ark te foarskyn. Hy lit him op har fâle en skoot de kul yn Eelkje.

EELKJE: Têke! Toe!

Têke begjint hastich te stompen. Eelkje fearret op en del troch it bêd.

De reade bwarre wipt yn it finsterbank en loert nei binnen ta. Hy sjucht Têke op Eelkje omhynderjen. Hy wipt út it finsterbank en skyt deun neist de muorre yn in streekje grûn foar blomkes. Hy bestoppet it aai en set ôf.

 

SKRIUWERSLIBBEN
BIBLIOGRAFY
werom nei: NIJWURK