Altyd útpoept

 

 

k ha wol mei skriuwers praat, dy’t mei allerhande plannen en ideeën omrinne dy’t se skielk útwurkje wolle. Foarhinne seachst ek noch wolris efteryn in boek in oankundiging ‘Yn tarieding’, en dêr folge dan in listke fan wat dy skriuwer allegear op priemmen hie. Soks komt my bjusterbaarlik oan, ik wit noait niks. Nei elk boek bin ik opnij in útskreaune skriuwer. Ik haw gjin ideeën, gjin plannen. As ik alris in idee ha dêr’t ik in skoftsje mei omrin, dan kin der hast wis fan wêze dat it neat wurdt. Dat Joegoslavyske soldatewiif, dêr haw ik in pear wiken mei ompankoekbakt sûnder gleon entûsjast te wurden, no, dan kin ’k it wol ferjitte. Ik ha ek in skoftlang in idee hân oer in bonkedokter út Ljouwert dy't safolle mooglik earms en skonken amputearret dy’t er trochferkeapet oan in malafide hûnefokker op Twizelerheide. Dat is ek neat wurden. As it wat wurde kinnen hie, hie it boek no al lan ferramsjt west.
   Ik bin ôfhinklik fan ’e wjerljochtflits wêrmei’t in ferhaal him oan my iepenbieret. Tagelyk moat it witten der wêze dat ik by machte bin om dat ferhaal te skriuwen. Soms giet it wol tige hookstrooks. Nei de klap is sûnder foaroankundiging yn myn harsens ûntstien, samar, nei’t ik jierrenlang ommoarde hie mei in reisferhaal. Ik bin, doe’t ik dy ynjouwing krige, daliks deselde deis begûn te skriuwen. Yn ’e maityd fan 2000 soe ús hûn hast fersûpe en trije dagen letter krige ik it idee: dy hûn uteret syn ideeën oer it libben. Fuortendaliks deselde deis haw ik in bledside of tolve skreaun.
   Sinleas geweld hat in langere ynkubaasjetiid hân. Ik ha alle nijs folge oer de An-en-Eefje-saak yn België. De iene heit woe de parse net te wurd stean, de oare pleatste him tige op ’e foargrûn. Ik tocht, mei dy man rint it ferkeard ôf. Hy is myn Geart Opsternaat wurden. Hawar, it plysjenijs fan
GPTV (Harns), in berjocht yn ’e krante oer in bus dy't hookstrooks remje moast, it mjitske gedweep fan Willeke Alberti mei in freondin dy’t sa geweldich omgyng mei har kanker, de tillefyzjekloaten dy’t mar eamelen oer ‘sinleas geweld’ wylst dat geweld hartstikke sinfol wie, út ’e dieder wei sjoen, al dy dingen prakkesearre ik wol oer, mar ik wie net fan doel om in roman te skriuwen. Ik hie nammers Nei de klap krekt ôf en men mei ek wolris even lins ha. Doe krige ik fan Bauke de Jong in ynstjoerd stik oer de Tjoelkersaak dat troch de redaksje fan ’e Ljouwerter Krante slim bekoarte wie. En dat stik, mei it lilke brief fan Bauke, wie it triedsje yn ’e sêde sûkeroplossing. Alles klute ynienen gear en ik wist dat ik stof genôch hie. De Harkenielen wienen der noch net en al dy tillefyzjeprogramma’s wienen der noch net. Wat ik hie oan stof, wie eigentlik bykomstich. Mar ik wist dat de stof my fan alle kanten oanstreame soe. Wêr’t dat entûsjasme en it betrouwen dat it my slagje sil weikomme, haw ik gjin idee fan. As it boek ôf is, bin ik op ’e nij útpoept. Do kinst dochs skriuwe, do hast dochs feardichheid, do hast dochs safolle ûnderfining opdien? Men soenen sizze: ja, mar it is yn ’e werklikheid net it gefal. Ik kin allinne mar skriuwe as ik in ynjouwing krij, as de geast feardich oer my wurdt.

SKRIUWERSLIBBEN
BIBLIOGRAFY